Vincent Bijlo

Ut Wikipedy
Vincent Bijlo
Vincent Bijlo (2020)
Vincent Bijlo (2020)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Vincent Robert Bijlo
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 27 april 1965
berteplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt kabaretier, skriuwer, kollumnist
offisjele webside
Hiemside

Vincent Robert Bijlo (Amsterdam, 27 april 1965) is in Nederlânske kabaretier, skriuwer en kollumnist.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bijlo, dy't by syn berte al blyn wie, brocht in part fan syn jonkheit troch op it Koninklijk Instituut tot Onderwijs voor Slechtzienden en Blinden yn Huizen. Nei it beheljen fan syn vwo-diploma oan it St. - Vituscollege yn Bussum (1985) studearre Bijlo in pear jier Nederlânsk oan de Universiteit Utert (1986 -1988). In earste sukses as kabaretier kaam yn 1988 mei it beheljen fan de publyks- en persoanlikheidspriis op it Leids kabaretfestival.

Vincent Bijlo en Ellen ten Damme trede op yn Ysselsteyn, 2014

Yn 1998 publisearre hy syn debútroman "Het Instituut", wêrnei't noch 3 romans folgen.

Bijlo is ek kollumnist, ûnder mear trije kear yn de wike foar it AD. Ek hat er in fêste kollum yn it Feyenoord Magazine en it UWV-magazine. Ien kear yn 'e moanne skreau er in reportaazje foar it deiblêd Trouw. Hy levere ek bydragen yn NRC Handelsblad. Ek hie er geregeld in kollum by BNR-nijsradio. Op NPO Radio 1 presintearre er 10 jier lang alle wiken " HollandDocRadio ", it radiodokumintêre-programma fan de NPS / VPRO / Publike omroppen.

Sûnt syn iere jeugd spilet Bijlo ferskate muzykynstruminten, ûnder mear piano, drums, bas, gitaar en ukelele.

Bijlo is polityk aktyf by de Bunnikse partij Perspectief 21, in gearwurkingsferbân fan GrienLinks en de PfdA. Hy wurke as fraksjemeiwurker foar de partij en sit sûnt 2015 yn it bestjoer fan dizze partij. Sels is Bijlo lid fan GrienLinks. Bijlo hie ek in kollum yn de Rode Draad, it kaderblêd fan GrienLinks. By de Twadde Keamerferkiezingen 2006 en de gemeenteriedsferkiezing yn Utert yn 2010 wie er listtriuwer fan dizze partij. Bijlo stipet in soad goede doelen op it mêd fan natuer en miljeu.
Fan 2005 ôf is er aktyf as ambassadeur fan de Nacht van de Nacht.

Famylje

Bijlo is in oerpakesizzer fan de Nederlânske arsjitekt en stêdeboukundige Hendrik Petrus Berlage.

Teäterfoarstellingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1989: Made in braille
  • 1991: De knal van half zeven
  • 1993: De zeespiegel
  • 1995: Het pad van fortuin
  • 1996: Niet zeiken, gewoon doen
  • 1997: Tegen!, programma wêryn't Bijlo ferhellet oer syn tiid op it blineynstitút en oer it oergean nei de 'gewoane' maatskippij
  • 1998-1999: Scheve bomen
  • 2000-2001: 2100
  • 2001-2002: De beurs van Bijlo
  • 2003-2005: De ziener
  • 2005 2007: Kort door de bocht
  • 2007-2009: Mijn laatste sigaret
  • 2009-2011: Verlicht
  • 2011-2013: De Cultuuroptimist
  • 2013: De Lofar Expeditie (yn'e mande mei De Peergroup)
  • 2013-2015: Enkeltje Mars
  • 2015-2017: Het nieuwe nu (reprise as Het nieuwe nu 2.0)
  • 2016: Op woeste hoogte (mei The Rossettis)

Cd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Zeventien (mei syn oarehelte Mariska Reijmerink, 2005)
  • Kort door de bocht (dvd-registraasje fan it kabaretprogramma mei deselde namme, 2007)
  • Met de Bijlo's (13 lietsjes bewurke foar popband, troch Bijlo sels ynspile, 2008)
  • Mijn laatste sigaret ((dvd-registraasje fan it kabaretprogramma mei deselde namme, 2009)

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1990. Made in Braille : nu met uitneembare cursus stoklopen / mei brieven en teksten fan Johan Rolquast Agathon, Houten. 99 s. ISBN 90-269-5191-4
  • 1996. Het pad van fortuin / red. Jan J. Pieterse. Novella, Amersfoart. ISBN 90-6806-256-5 Cabarettekst
  • 1997. Niet zeiken, gewoon doen. BZZTôH, De Haach. ISBN 90-5501-415-X Kabarettekst mei kommentaar efternei
  • 1998. Het instituut : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. ISBN 90-295-0778-0
  • 2001. Achttienhoog : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. ISBN 90-295-0405-6
  • 2003. De woordvoerder : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. ISBN 90-295-0441-2 Politike satire
  • 2003. School / e.a.; einred.: Erik Klap. FC Klap, Hilversum. 92 s. (Klap & de Vuurpijl ; nr. 1). ISBN 90-77119-28-0
  • 2004. Slow up! / e.a.; red.: Jesse Goossens. Lemniscaat, Rotterdam. ISBN 90-5637-632-2
  • 2004. Vakantie / e.a.; einred. Erik Klap. FC Klap, Hilversum. (Klap & de Vuurpijl; nr. 2). ISBN 90-77119-49-3 Ferhalen
  • 2004. Verhuizen/ e.a. FC Klap, Hilversum. (Klap & de Vuurpijl ; nr. 3.). ISBN 90-77119-69-8
  • 2005. Kort door de bocht : columns. De Arbeiderspers, Amsterdam. 187 s. ISBN 90-295-6262-5 Kollumns út Utrechts Nieuwsblad 2002-2005
  • 2009. De Ottomaanse herder : roman. De Arbeiderspers, Amsterdam. 135 s. ISBN 978-90-295-6737-4
  • 2012. Bink en Pip gaan naar Engeland / mei Mariska Reijmerink; mei tekeningen fan Juliette de Wit. Prisma, Houten. 28 s., mei audio-cd, Omslachtitel: Leer Engels met Vincent Bijlo en Mariska Reijmerink. ISBN 978-90-00-31069-2 printeboek mei muzyk
  • 2017. 'The Institute' Holland Park Press, Ingelske fertaling fan 'Het Instituut', oerset troch Susan Ridder

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch nl:Vincent Bijlo