Springe nei ynhâld

Minnistetsjerke (Warkum)

Ut Wikipedy
Minnistetsjerke (Warkum)
Tsjerke mei kosterswent yn 2011
Tsjerke mei kosterswent yn 2011
Lokaasje
Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Warkum
adres Noard 100
koördinaten 52° 58' N 5° 26' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Mennistegemeente
Arsjitektuer
boujier 1694
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39486
Kaart
Minnistetsjerke (Warkum)
Minnistetsjerke

De minnistetsjerke (of fermanje) fan Warkum is in tsjerkegebou yn de gemeente Súdwest-Fryslân, provinsje Fryslân.

De fermanje fan Warkum op in print út 1694, it jier fan de bou

De meniste ideeën fûnen yn Warkum en omkriten al betiid yn de 16e iuw wjerklank. Der ûntstie yn de rin fan de 16e iuw yn Warkum in grutte meniste mienskip, dy't oant 1650 ferdield wie yn twa groepearringen en dy't apart fan inoar tsjerketsjinsten holden. Fan 1650 ôf waard de ferdieldheid oerwûn. In âlde sâltkeet waard as tsjerke ynrjochte. Yn 1694 waard de hjoeddeiske tsjerke boud, in ienfâldige skuorretsjerke op in fjouwerkant grûnplan. Dy skûltsjerke waard net direkt oan de Noard, mar mear efter de roailine boud. Fan 1744 ôf krige de Warkumer mienskip de beskikking oer in eigen predikant. Foar de tsjerke waard yn 1780 in kosterswent mei in klokgevel boud. Mei sketten waard de tsjerke yn dy perioade fan de strjitkant ôf fierder oan it each ûntlutsen. Om genôch sitromte te krijen waarden der trije dûbele kreaken yn de tsjerke oanbrocht. De tsjerke waard yn de jierren 1956/1957 restaurearre.

It tsjerkegebou en de kosterswenning binne erkend as ryksmonumint sûnt 1968.

It ienklaviers tsjerkoargel mei alve registers en oanhingjend pedaal is yn 1912 boud troch de Ljouwerter oargelbouwers L. van Dam & Zn. Yn 2004 waard it oargel restaurearre troch Bakker & Timmenga.

Ynterieur (1993)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fermanje fan Warkum fan Wikimedia Commons.