Springe nei ynhâld

Minnie Two Shoes

Ut Wikipedy
Minnie Two Shoes
persoanlike bysûnderheden
echte namme Minnie Two Shoes
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 maart 1950
berteplak yn it Fort Peck Ynd.res. (Montana)
stoarn 9 april 2010
stjerplak Minneapolis (Minnesota)
etnisiteit Assiniboin
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste
aktyf as aktiviste foar Yndiaanske
   boargerrjochten
jierren aktyf 19702010

Minnie Two Shoes (yn it Fort Peck Yndianereservaat (Montana), 24 maart 1950Minneapolis (Minnesota), 9 april 2010) wie in Amerikaansk sjoernaliste en aktiviste fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja wie belutsen by de Amerikaanske Yndiaanske Beweging en sette har har libben lang yn foar lykberjochtinging fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Two Shoes waard yn 1950 berne yn it Fort Peck Yndianereservaat yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hja wie in folbloed Assiniboin-Yndiaanse en in lid fan 'e federaal erkende stamme fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana. Two Shoes groeide op yn in gesin mei seis famkes en ien jonge.

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, folge Two Shoes in oplieding yn 'e sjoernalistyk. Yn 1983 behelle se in bachelortitel yn mienskipsûntwikkeling oan it Yndiaanske Underwiiskolleezje yn Wolf Point, en fan 1987 oant 1990 learde se fierder yn 'e sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Missoury yn Columbia. Yn dy snuorje holp Two Shoes by it oprjochtsjen fan 'e Native American Student Association, in Yndiaanske studinteferiening.

Fan 1970 oant 1976 wie Two Shoes p.r.-meiwurkster ferbûn oan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM), mar dêr rekke se by wei om 'e moard op 'e Anna Mae Aquash, in Mikmak-aktiviste út eastlik Kanada en in foaroansteand lid fan 'e AIM. Dyselde wie nammentlik (sa die letter bliken) troch oare AIM-leden stânrjochtlik eksekutearre om't se derfan fertocht waard in oerheidsynformante te wêzen. Doe't de AIM-lieding dizze saak binnenskeamers oplosse woe, stapten Two Shoes en ferskate oare leden út 'e organisaasje. Feitliks wie Two Shoes, dy't Aquash persoanlik kennen hie, ûnmisber by it nei bûten ta bringen fan 'e moardsaak.

Neitiid wurke Two Shoes as freelance-sjoernaliste, wêrby't se har benammen talei op Yndiaanske ûnderwerpen op it mêd fan wetterrjochten, ekonomyske ûntjouwing, ekploitaasje fan natuerlike helpboarnen lykas ierdgas en ierdoalje en saken oangeande it miljeu. Yn 1984 wie hja ien fan 'e oprjochters fan 'e Native American Press Association, it earste Yndiaanske parseburo, dat yn 1990 omneamd waard ta de Native American Journalists Association. Ek wie se belutsen by de stifting fan it Tradisjonele Frouljusgenoatskip fan Wolf Point, en wie se redaktrise fan 'e tydskriften Native Peoples en Aboriginal Voices. Fierders ûnderwiisde se sjoernalistyk, droech se geregeldwei artikels by oan it blêd News from Indian Country en hie se in kollumn yn it tydskrift Red Road Home. As sjoernaliste en ferdigenster fan it frije wurd stie Two Shoes yn Yndiaanske fermiddens yn heech oansjen.

Priveelibben en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Two Shoes wie troud mei in John Carmichael, fan wa't hja op 't lêst widdo wie. Se hie fiif bern: har dochters Pahinskwe Two Shoes en Tateyumniwi Carmichael, en har soannen Honwe Nupa Two Shoes, Peta Tinda Two Shoes en Makbiya Wambli Carmichael. Two Shoes kaam yn 2010 yn Minneapolis yn 'e âlderdom fan 60 jier te ferstjerren nei in lange striid tsjin kanker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.