Militêre ferkenning
Militêre ferkenning is it garjen fan ynformaasje foar taktyske militêre doelen. Spesifyk wurdt dêrmei bedoeld ynformaasje oer de posysje, sterkte en kapasiteiten fan fijanlike ienheden en/of oer de terreinsgesteldheid fan it gebiet dêr't mooglik fochten wurde moat. Yn it militêre jargon wurdt soks faak oantsjut mei de Ingelske term reconnaissance (fan oarsprong in lienwurd út it Frânsk), yn 'e regel ôfkoarte ta recon (útspr.: ['ɹi:kɔn], likernôch: "rii-kòn") of recce (útspr. ['ɹɛki], likernôch: "rekky"). De earste ôfkoarting is yn gebrûk yn 'e Feriene Steaten en Austraalje en de twadde yn Grut-Brittanje en Kanada. In militêr dy't in ferkenning útfiert, wurdt in ferkenner neamd, of yn it Ingelsk in scout. Fan dy lêste beneaming is ek scouting, de Ingelske beneaming foar de paadfinerij, ôflaat.
Der besteane dúdlike oerienkomsten tusken militêre ferkenning en militêre ynljochtingesammeling. Dat omfettet lykwols it garjen fan brede, strategyske kennis oer de fijân en wurdt útfierd troch militêre ynljochtingetsjinsten, wylst it sammeljen fan taktyske kennis yn it ramt fan militêre ferkenning him beheint ta it eigentlike slachfjild. Militêre ferkenning wurdt faak útfierd troch lytse spesjalisearre ferkenningsienheden (lykas in eskadron, kompanjy of peloton) binnen in gruttere ienheid (lykas in brigade of in difyzje). Fierders lizze ek kommando's en oanbesibbe sterk oefene ienheden har faak ta op ferkenning.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |