Springe nei ynhâld

Guyana

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mienebêst Guyana)
Co-operative Republic of Guyana
Flagge fan Guyana Wapen fan Guyana
Flagge Wapen
Lokaasje fan Guyana
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Georgetown
Steatsfoarm Republyk
Presidint Irfaan Ali
Ynwenners 800.000
Munt Guyaanse dollar (GYD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 23 febrewaris
Lânkoade GYA
Ynternet .gy
Tillefoan 592

Guyana is in lân yn it noarden fan Súd-Amearika en grinzet oan Suriname, Brazylje en Fenezuela. De haadstêd is Georgetown.

It lân wurdt begrinzge troch:

Tusken de rivieren de Nije Boppe-Korantyn en de Koeroeny/Koetary leit in gebiet dat troch Guyana en Suriname bestride wurdt. Boppedat beskôget Suriname de linkerigge fan Korantyn as grins, wylst Guyana it midden fan de rivier as de grins sjocht.

Ek mei Brazylje binne grinsskelen.

Rupununy Savanne

De fruchtbere kust fan Guyana grinzet yn it westen en uterste suden oan in berchrige, it Heechlân fan Guyana. Yn it súdwesten leit in savanne. Ungefear 80% fan it lân wurdt bedekt mei reinwâld.

De fjouwer grutste rivieren binne de Essekwibo, de Korantyn, de Berbise en Demerara. Oan de mûning fan Essekwibo lizze ferskillende grutte eilannen, en omfiemet de 145 km wide Shell Beach.

De heechste berch fan Guyana is Mount Roraima (2.835 meter).

Oan it begjin fan de 17e iuw waard troch de Ingelsen in begjin makke mei de kolonisaasje fan Guyana. Letter folgen de Frânsken en de Nederlanners. As part fan it doetiidske koloanje Nederlânsk-Guyana (Suriname, Berbise, Demerara, en parten fan it binnenlân) kaam it gebiet werom ûnder Britsk bewâld. Yn 1966 waard it selsstannich.

De befolking fan Guyana bestiet út ûngefear 770.000 ynwenners, dêr't 90% fan oan de kust op de smelle kuststripe wennet. De befolking is etnysk sjoen nei ras nochal heterogeen gearstald en stammet haadsaaklik ôf fan ymmigranten dy't nei it gebiet kamen as slaven of kontraktarbeiders út Afrika en Yndia.

De grutste etnyske groepearring binne de Hindoestanen mei 43,5% fan de befolking (2002). Sy wurde folge troch minsken fan Afrikaanske komôf (30,2%). De tredde kloft yn grutte is fan mingd komôf, de Kreolen (16,7%), wylst de ynhiemske Yndianestammen (Arawak, Wai Wai, Carib, Akawaio, Arecuna, Patamona, Wapixana, Macushi en Warao) de fjirde plak ynnimme mei goed 10% fan de befolking.

It Ingelsk is de offisjele taal fan Guyana, wylst yn it deistich libben Guaneesk Kreolsk sprutsen wurdt. Fierders wurde Karibyske talen (Akawaio, Wai-Wai, Arawak en Macushi) sprutsen troch ynhiemske Yndianen.

Neffens de folkstelling fan 2002 is 57% fan de befolking Kristen (fan wa 17% by de Pinkstermienskip hearre, 8% roomsk-katolyk, 7% Anglikaans, 5% Sânde-dei Adventisten binne, en 20% by oare kristlike groepearings hearre, Ungefear 28% is hindoe, 9% is moslim (benammen soennitysk), en 2% oars. Om-ende-by 4% fan de befolking hat gjin leauwen. .