Springe nei ynhâld

Minnistetsjerke (It Hearrenfean)

Ut Wikipedy
Minnistetsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
plak It Hearrenfean
adres Fermanjestege 5
koördinaten 52° 57' N 5° 55' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Minnisten
Arsjitektuer
boujier 1762
Webside
doopsgezindheerenveentjalleberd.nl
Kaart
Minnistetsjerke (It Hearrenfean)
Minnistetsjerke

De Minnistetsjerke op It Hearrenfean is in fermanje yn 'e Fermanjestege .

Der wiene earder meardere minnistegemeenten op It Hearrenfean. Nei it gearfoegjen waard op 7 juny 1762 de earste stien lein fan in nij tsjerkegebou. Boppe de yngong út 1838 is op in gevelstien dit foarfal nochris fêstlein.

Sawol it ynterieur as eksterieur ûndergienen letter wizigings. It tsjerkeoargel fan Bakker & Timmenga ferfong it Van Dam-oargel út 1840. Der is gjin kânsel mear oanwêzich.

De sealtsjerke is in ryksmonumint.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fermanje, It Hearrenfean fan Wikimedia Commons.