Mel McLaughlin

Ut Wikipedy
Mel McLaughlin
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Melanie MacLaughlin
nasjonaliteit Australysk
berne 3 septimber 1979
berteplak Sydney (Nij-Súd-Wales)
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
wurksum as sportferslachjouster, presintatrise
medium tillefyzje
wurksum by Fox Sport, Network Ten
jierren aktyf ±2003 – no
offisjele webside
gjint

Mel McLaughlin (folút: Melanie McLaughlin; Sydney, 3 septimber 1979) is in Australysk sportferslachjouster en presintatrise fan etnysk Skotsk komôf. Hja wurke foarhinne foar it Australyske kanaal fan Fox Sport, en is sûnt 2013 yn 'e tsjinst by de algemiene Australyske tillefyzjestjoerder Network Ten.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McLaughlin waard yn 1979 berne yn 'e Australyske metropoal Sydney. Hja sette har karriêre as sportferslachjouster en presintatrise fan sportprogramma's útein by de Australyske stjoerder fan Fox Sport, dêr't se har benammen talei op ferslaggen fan fuotbalwedstriden. McLaughlin presintearre yn dy jierren ferskate fuotbalprogramma's, wêrûnder Kick Off, Indian Super League en Fox Sports FC, wylst se ek geregeldwei it sportnijs fersloech foar de bulletêns en Fox Sports News.

Yn 2013 stapte McLaughlin oer nei de algemiene Australyske tillefyzjestjoerder Network Ten. Dêr wie se yn 2014 û.m. belutsen by it ferslach fan 'e Gemienebêstspullen yn Glasgow, de Olympyske Winterspullen yn Sotsji en it wrâldkampioenskip fuotbal yn Brazylje. Fierder docht McLaughlin sûnt 2013 ek live ferslach fan 'e cricketwedstriden út 'e Australyske Big Bash League.

Ynsidint mei Chris Gayle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin jannewaris 2016 helle McLaughlin wrâldwiid it nijs, doe't de Jamaikaanske cricketer Chris Gayle har ûnder in live-fraachpetear nei ôfrin fan in cricketwedstryd kompliminten makke oer har skientme en har útfrege op in ôfspraakje. Dat ynsidint makke McLaughlin dúdlik ûngemaklik en letter sei se dat se it it leafst sa gau mooglik fergeat en har wer op har wurk konsintrearre. Gayle krige fan syn klub, de Melbourne Renegades, wêrfan't de lieding not amused wie oer it foarfal, in boete oplein. Syn ferwar wie dat er allinnich mar grappich besocht hie te wêzen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.