Meidogger oerlis:Waaksens

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Marten Walinga[boarne bewurkje]

Goeie. Ik haw jo feroarings oan 'e side oer Marten Walinga weromset om't der neffens my gjin reden wie om de sin te wiskjen dy't jo derút smiten hiene. Jo opmerking oer it ferskil tusken Frysk damjen en Frysk! haw ik ris op Google tsjin it ljocht holden. Jo hawwe gelyk, en ik haw de tekst oanpast. Sa stie it trouwens net yn in ferskate krantestikjes, dat ik wie net de iennichste dy't it ferkeard begrepen hie, mar it is fansels ek freegjen om betizing foar lju dy't net sels by it Frysk damjen belutsen binne, as men twa termen brûkt dy't sa bot opinoar lykje. Hawar. Yn elts gefal tank dat jo ús op dizze flater attint meitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 sep 2021, 00.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Graach dien, de feroarings haw ik makke op fersyk fan de persoan yn kwestje sels. Waaksens (oerlis) 25 sep 2021, 00.59 (CEST)[beäntwurdzje]

O. No ja, neffens my bestie der eins gjin reden om dy sin oer dy rûnrit troch it doarp fuort te heljen. Mar as Walinga dy beslist fuort hawwe wol (en de namme fan frou deryn, dy't ik dan wer minder ta de saak dwaan fûn), dan kin dat wol. As dat it gefal is, moatte jo noch mar even leven jaan, dan feroarje ik dat noch. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 sep 2021, 00.25 (CEST)[beäntwurdzje]