Meidogger oerlis:Tulp8/Argyf
Hilgelân
[boarne bewurkje]Hoi Atsje, ik seach dyn fraach stean, sjoch hjir Oerlis:Helgolân, gr. --Geoffrey (talk) 6 apr 2013, 09.30 (CEST)
Stikjes op foarside
[boarne bewurkje]Goeie, Tulp8. Jo feroarje op 'e Wikipedy noch wolris links dy't trochwize nei betsjuttingssiden. Dêr haw ik neat op tsjin, mar soene jo dat net wer dwaan wolle yn 'e stikjes (lykas as ditte) dy't op 'e haadside fan 'e Wikipedy komme te stean as siden fan 'e wike? Wy hawwe nammentlik ferline jier ôfpraat dat dêr mar gjin reade links mear yn moatte. Sels makke it my it measte net út, mar oaren fûnen it ûnprofesjoneel stean. Om't ik hjir al in stikmannich jierren de siden fan 'e wike beävensearje, haw ik tasein dat ik derfoar soargje sil. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 jun 2020, 23.15 (CEST)
- Danke wol foar de taljochting. Op de Nederlânske Wikipedia hjir wurde links nei trochferwiissiden/betsjuttingssiden byhâlden troch in bot. Doel is om it tal trochferwiissiden lyts te hâlden. Guon meidoggers wurkje sokke links safolle mooglik fuort. (Troch myn oanpaste wp-ynstellings krije links nei trochferwiissiden op myn byldskerm in kleurke). It like my better ta om benammen besikers fan de haadside net op it trochferwiisside útkomme te litten. Dan moatte se ommers kieze tusken meardere betsjuttings. Dat is hjir dus ôfpraat, mar it liket my likegoed wat 'ûnprofesjoneel' ta. Tulp8 (oerlis) 21 jun 2020, 07.49 (CEST)
- Tsja. As jo dat echt in probleem fine, dan kinne jo om my sokke links yn siden fan 'e wike eventueel hielendal fuorthelje. Mar se moatte dêr yn elts gefal net mear read wurde. Fierders haw ik, sa't ik al sei, hielendal neat op jo wurk tsjin. Tankewol foar jo begryp. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jun 2020, 00.00 (CEST)
Rezjimint
[boarne bewurkje]Dei A, wat dit oanbelanget: it FW, it FHW en it WFT fine dat ek. Moai dat jo dit opfoel. Dêr wat oan dwaan is oars noch wol efkes in putsje (kepp). Groetenis, Wutsje 8 aug 2020, 15.32 (CEST)
- At ik de put der út ha mei de leger-trochferwizings sil ik it rezjimint ris ûnder hannen nimme. Tulp8 (oerlis) 8 aug 2020, 16.54 (CEST)
- Ik bin der al wat mei dwaande, earst mar ris hjirwei. Wutsje 8 aug 2020, 17.02 (CEST)
fan 'e / fan de
[boarne bewurkje]Goejûn. Ik bin jo tink ik eefkes útlis skuldich wêrom't ik jo wizigings oan 'e side baan (astronomy) weromset haw. It wie in foarbygeande fleach fan argewaasje om't jo hieltyd op hapsnapbasis fan 'e en yn 'e feroarje yn fan de en yn de. Beide foarmen binne goed, mar ik jou persoanlik de foarkar oan 'e foarm mei de apostrof om ik it sa ek útsprek, en los dêrfan besykje ik altyd mar ien fan 'e beide foarmen te brûken yn in bepaald artikel om't ik it oars sa rommelich stean fyn. Ik wit net krekt hoe't ik dit skriuwe moat sûnder lulk oer te kommen (en dat bin ik dus net), mar ik soe it wol bysûnder op priis stelle as jo sokke feroarings net mear op ynsidintele basis hjir en dêr yn in artikel oanbringe soene. As jo 'e yn in artikel oeral feroarje soene yn de, soe ik dêr folle minder muoite mei hawwe. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 okt 2020, 22.18 (CEST)
- Dei Ieneach fan 'e Esk, goed dat jo hjir it oerlis begjinne. Goede ynhâldlike (digitale) kommunikaasje falt net ta. Efkes in taljochting fan myn kant: By is fuortwurkjen fan links nei betsjuttingssiden kom ik op in soad ferskillende siden fan dizze ensyklopedy. Geandewei foel it my op dat op guon siden it brûken fan it (inkelde/losse) ' trochslein wie, mei as effekt dat der in soad sprektaal stie. Mar der binne ek genôch siden dêr't wol yn ensyklopedyske styl skreaun is (POV) sûnder al dy oanhellingstekens. (brûkersnammen falle dêr fansels net ûnder..) Ienheid yn it brûken fan de oanhellingstekens wie my dan ek net opfallen, dat is by elk artikel wer oars. Dat sil grif fan de auteur ôfhingje. Yn it Frysk wurde sokke lêstekens mear brûkt as yn it Nederlânsk, leau ik. Op siden mei ryklik oantal oanhellingstekens haw ik it oantal oanhellingstekens wat ferlytse, dus net hapsnap. De lêsberheid en styl waard der neffens my better fan en it oansjen fan siden waard wat saakliker, ensyklopedysker en eage wat rêstiger. It oeral weiheljen is net winsklik en boppedat net te dwaan. It is ommers net fout en it oeral oanpassen is boppedat net te dwaan. Oer de oanpassings hie ik grif oerlein as my ienheid yn it brûken opfallen wie. Mar yn dat oanpassen bin ik mooglik wat trochslein. Dêrom sil ik my beheine ta it omwurkjen fan links nei de trochferwiissiden. Dan bliuwt de gong der ek wat mear yn. Dy put is folle grutter as dat ik ynskatten hie. Om ôf te sluten: bliuw foaral oerlizzen as saken better kinne al hoe lestich goed komminisearjen ek wêze mei. Elts docht wat er kin mar nimmen is 'ûnfeilber' sei lêstendeis in bekende Nederlanner.. Groetnis, Tulp8 (oerlis) 24 okt 2020, 09.14 (CEST)
- Goejûn, Tulp8. Ik bin bliid dat jo it sa 'sportyf' (by gebrek oan in better wurd) opfetsje. Ik bin my der bewust fan dat ik justerjûn mei it weromsetten fan jo bewurking wat út 'e bocht flein bin, ek al haw ik dêrnei jo oare oanpassings der wer yn set. Sa't ik sei, it wie in fleach fan argewaasje. Ik moat bekenne dat ik, hoewol't ik al fan ein 2012 ôf hjir aktyf bin, noch altyd muoite haw om 'e artikels dy't ik skreaun haw, los te litten. Ik wit dat dat eins nearne nei roait, mar, no ja. Ik wurkje deroan, lit ik it sa mar sizze.
- Oer de put dy't jo by de ein hawwe, wol ik it folgjende noch wol kwyt. Ik krij it idee dat jo earste ynstek hieltyd is om hânmjittich alle links nei betsjuttingssiden om te setten. Ik tink dat it in stik flugger giet as jo earst ris sjogge hokfoar betsjuttings der eins binne. In foarbyld. Jo hawwe juster ien kear of miskien wol faker in link nei de betsjuttingsside "hals" feroare yn "hals (lichemsdiel)". Neat mis mei. Mar as jo op 'e betsjuttingsside "hals" sjogge, blike de dêr jûne betsjuttings it lichemsdiel hals te wêzen, ferskate dêrfan ôflate dingen lykas in flessehals en in toskhals, en fierders in plak yn Denemark. Dan is dúdlik dat de betsjutting "hals (lichemsdiel)" fierwei de gongberste is. As men wat oars bedoeld, sil der grif in tafoeging by moatte. Dus dan giet it folle flugger om, sa't ik juster dien haw, de betsjuttingsside om te neamen ta "hals (betsjuttingsside)" en "hals (lichemsdiel)" ta "hals", mei boppe-oan it artikel in trochwizing nei de betsjuttingsside. Dan binne jo yn ien kear fan alle foute links nei "hals" ôf om't dy gewoan stean bliuwe kinne. Dêrfoar besteane trije berjochtsjes dy't jo brûke kinne:
- Berjocht:Oar wiist fan 'e meast gongbere betsjutting (lykas "hals") troch nei in betsjuttingsside (lykas "hals (betsjuttingsside)")
- Berjocht:Of wiist fan 'e meast gongbere betsjutting (lykas "Dokkum") troch nei ien oare, minder gongbere betsjutting (lykas "Dokkum (gemeente)")
- Berjocht:Trochwiisd synonym wiist fan in side fan it synonym (lykas "waarmte") fan 'e meast gongbere betsjutting (lykas "hjitte") troch nei in betsjuttingsside (lykas "hjitte (betsjuttingsside)")
- It is my ta myn fernuvering opfallen dat op 'e Nederlânske Wikipedy frijwol gjin gebrûk makke wurdt fan sokke handige berjochtsjes. Op 'e Ingelske Wikipedy komme se lykwols in protte foar. Ik ried jo oan se ek te brûken, dat skeelt in bealchfol wurk. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 okt 2020, 23.29 (CEST)
- Moarn Ieneach fan 'e Esk, tige tank foar jo útlis. It siert minsken at se har eigen feilberheid kenne en hielendal at se dêr iepen oer prate doare. Sa lang at dêr iepen oer kommunisearre wurdt komt it wol goed.
- In skoft ferlyn haw ik wol ompakt mei de konstruksje fan trochferwizings, mar fertroude my dêr net hielendal mei. Fan guon konstruksjes/berjochten wie ik net op de hichte en ik seach dat de measte betsjuttingssiden tot fier efter de komma útsplits binne. Neist it ombouwen en/of omneamen soe ik dêrnei dan oaren ek freegje moatte om guon net mear brûkte siden te wiskjen. Dan kin it ek samar mis gean kinne, en dat woe ik foarkomme. De bot fan Edoderoo hat fannacht in fernijde list oanmakke dêr't no de 'data fan 5 en heger' op steane. Dy fan 10 en heger soene mooglik in {Berjocht} brûke kinne, dat kin yndie in soad wurk útsparje. Soene jo (of in oar dy't mei lêst) dy hege nûmers ris bylâns fytse wolle? Dan sil bepaal ik my (ynearsten) op de legere sifers rjochtsje. Groetnis, Tulp8 (oerlis) 25 okt 2020, 08.51 (CET)
- Ik haw al in pear dinkjes dien: kategory, freon, stamme, skoalle, dat koe allegear wol oars en is no klear. By maresjesee wie ik fergetten in trochwizing te feroarjen, sadat wat ik fan 'e wike omset hie fia in ferkearde trochwizing dochs wer by de betsjuttingsside telâne kaam. Dat is no ek oplost. Wymbritseradiel is problematysk om't der suver nea goed ûnderskie makke wurdt tusken Wymbritseradiel (1851-1984) en Wymbritseradiel (1984-2011), dat dochs echt ferskillende gemeenten binne. Dat kin net oplost wurde mei in berjocht om't se beide net mear besteane en de iene net gongberder is as de oare. By Frjentsjerteradiel jildt presiis itselde. Produsint is ek ien dêr't je der net ien fan 'e betsjuttings útpikke kinne. Ik sil fan 'e wike de list noch wolris hielendal bylâns, mar it wurdt my no te let. Ik snap trouwens net goed wat de sifers yn 'e earste kolom ("artikel") betsjutte yn 'e list dy't de bot gearstald hat. De trêde kolom jout it tal links nei de betsjuttingssiden wer, nim ik oan, mar wat de earste kolom ynhâldt soe ik net witte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 okt 2020, 01.02 (CET)
- Lit mar, ik sjoch it al, it is gewoan de nûmering fan it tal opsomde artikels. Ik hie de sortearring fan 'e kolom "oantal" feroare om 'e heechste oantallen boppe te krijen, en doe stie de nûmering fan 'e earste kolom hielendal trochinoar. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 okt 2020, 01.11 (CET)
- Goeie. Ik bin no alles yn 'e list fan 10 en heger bylâns west. Ik haw der aardich wat útswile, tocht ik. Nei de lêste update fan 'e list, fan healwei ienen fannacht, haw ik noch Animaasjefilm, Poalstreek, Rodos, Fâd, Portsmouth, Southampton, Sachalin, Ingelske Republyk, synisme en luitenant-op-see derúthelle. Foar de rest is it allegear guod dêr't net echt ien betsjutting boppe de oaren útstekt, dus dan kin it net mei berjochten oplost wurde. Groetnis. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 okt 2020, 01.09 (CET)
- Dankewol foar de gearwurking. Jo ha der wol oars nachtwurk fan makke, tinke jo wol goed om josels? Moai dat de kluten no út de brij binne. Dan is der ek wat mear aardichheid oan dit ûnderhâld, dat begûn as in corona'putsje', dien te meitsjen. Nei alle gedachten sil de bot earstdeis wol ynsteld wurde op oantallen leger as fiif, dat sille wol in soad wêze, mar oantallen lytser as fiif binne te oersjen. Groetnis, Tulp8 (oerlis) 27 okt 2020, 07.03 (CET)
- Gjin tank. Ik haw fan 'e jûn noch eefkes wat dinkjes dien dy't ik juster stean litten hie om't ik der gjin sin mear oan hie. Pommeren en Territoarium koe ik juster net mei berjochten út 'e list helje om't der noch gjin artikels skreaun wiene dêr't ik wei nei in betsjuttingsside ferwize koe. Dat haw ik fan 'e jûn eefkes rjochtbreide. Fierders noch wat lytsguod opromme. Sa earst mar wer. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 okt 2020, 23.23 (CET)
- Dankewol foar de gearwurking. Jo ha der wol oars nachtwurk fan makke, tinke jo wol goed om josels? Moai dat de kluten no út de brij binne. Dan is der ek wat mear aardichheid oan dit ûnderhâld, dat begûn as in corona'putsje', dien te meitsjen. Nei alle gedachten sil de bot earstdeis wol ynsteld wurde op oantallen leger as fiif, dat sille wol in soad wêze, mar oantallen lytser as fiif binne te oersjen. Groetnis, Tulp8 (oerlis) 27 okt 2020, 07.03 (CET)
- Goeie. Ik bin no alles yn 'e list fan 10 en heger bylâns west. Ik haw der aardich wat útswile, tocht ik. Nei de lêste update fan 'e list, fan healwei ienen fannacht, haw ik noch Animaasjefilm, Poalstreek, Rodos, Fâd, Portsmouth, Southampton, Sachalin, Ingelske Republyk, synisme en luitenant-op-see derúthelle. Foar de rest is it allegear guod dêr't net echt ien betsjutting boppe de oaren útstekt, dus dan kin it net mei berjochten oplost wurde. Groetnis. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 okt 2020, 01.09 (CET)