Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Roelvandijk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Hoi Roel,
Wolkom op de wikipedy.

  • Foar saken oer de wiki, it hoe en wêrom kinne jo op Wikipedy:Mienskip noch hiel wat fine.
  • Fragen en opmerkings kinne jo op de oerlis siden kwyt. Jo kinne jo opmerkings dêr ôfslute mei ~~~~, dit wurdt nei it festlizzen ferfong troch jo namme en datum/tiid fan de opmerking.
  • Wat de Haadside oangiet, dit kin fansels feroare, mar wat wiene jo krekt fan doel? It is altiten mooglik om in side oan te meitsjen, dy hoecht net op de Haadside te stean. At jo bygelyks oan de linkerkant de namme fan de nije side ynfolje en op sykje drukke, krije je in skerm mei boppeoan in reade ferwizing, at jo dy oanklikke hawwe jo in nije lege side. Probearje earst al út te finen at in side net al bestiet. Op Alle Siden kinne jo bygelyks alle titels fan siden fine, at jo mei sykjen neat fine kinne.
  • Miskien kin by dat lêste wat helpe, mar ik haw eins gjin idee hokker ûnderwerpen jo beskriuwe wolle.
  • Woene jo in side Polityk yn Fryslân oanmeitsje (lykas bygelyks Rjocht yn Fryslân)?
  • Minske en Maatskippij, wat soarte siden hiene jo dêr by yn de holle?
    • Oer de side oer de Minsk haw ik wol it idee dat dit hiel oars moat, mar dêr haw ik noch gjin nocht foar fûn, miskien kinne jo dy side ek ris by't ear hawwe en dêr wat beskriuwe wat je yn in ensyklopedy (en net in bibel) oer dit ûnderwerp ferwachtsje.
  • Ik haw wol it idee dat jo mêd fan ynteresse noch net safolle beskreaun is op de fryske wikipedy. In struktuer yn de siden deroer is der by myn witten ek noch net.

(De siden mei útlis binne faaks net mear alhiel aktueel, dus at jo der net útkomme, lit it witte op ien fan de oerlissiden).
In protte nocht tawinske en en at jo fragen of oare opmerkings hawwe jou mar lúd. Theun 19 jan 2007, 21.08 (CET)[beäntwurdzje]

Ofbylden

[boarne bewurkje]

At jo om it ien of oar ris in ôfbyld dat jo sels krekt oanbean hawwe net op de side krije kinne, dan kinne jo altiten by jo eigen bydragen de side weromfine. At jo gâns dy titel dan oernimme op de side, mei [[ en ]] deromhinne, dan soe it altiten goed komme moatte.

Oars is der ek noch in koart oersjoch dêr't in protte fan de opmaak wol yn neamd is. En fansels, jo kinne altiten neisjen hoe't in oare side dien is, of at immen jo side bywurke hat, lykas no Ljouwerteradiel, dan kinne jo dêr ek sjen hoe at it dien is. Aliter 27 nov 2007, 03.14 (CET)[beäntwurdzje]