Oerlis:Minske
Inhâld side
[boarne bewurkje]Ik tink dat de inhâld fan dizze side mear oarien komme moat mei sa die ynhâld op de oare wikipedias.
De ynhâld sa at it der no stiet heart mear thús op in side oer it wrâldbyld fan ien fan de wrâldreligys. Oars soe eins it wrâldbyld neffens in oare religy ek likefolle oandacht fertsjinje op dizze side ;). Ik wit wol dat religy belangryk wêst is (en is) foar fierwei it grutste part fan de minsken mar ik tink net dat op dizze wize dúdlik makke wurde moat, dit past better op in side oer it kristendom.
Wy gean der tsjintwurdich ek fanút dat de wrâld in rûne bol is ynstee fan in platte pannekoek, sa bin der ek net folle minsken mear dy't leauwe de wrâld 6000 jier ferlyn yn 6 dagen skepen is. Sels it oerkonservatieve part fan de amerikaanske kristenen besiket al troch de ID-teory noch wat tsjingas te jaan tsjin de evolúsjeteory. Theun 20.54, mai 30, 2006 (CEST)
Ik hie de side dêrom wat oanpast, as begjin fan útwreiding mei mear ynformaasje. Dat dy oanpassings wer fuorthelle wienen, dêr hie ik, foar Wikipedia-problemen en tagelyk bewurkjen, dit oer skreaun:
Earste ferzjes
[boarne bewurkje]Ik haw oan de earste ferzje gâns wat ferbettere, mar hast alles is der daalsk wer úthelle. Ik wol gjin spul op de side, mar ik wol eins ek net dat de tekst sa bliuwt sa't er no is. Hjir wat útlis:
Skepping
[boarne bewurkje]De ferzje dy't wy dêr no foar hawwe liket basseare op de Bibel. Mar
- It ferhaal oer de skepping fan de ierde soe op de side Skepping komme moatte, yn stee fan hjir.
- "Betroubere oerlevering" is net genôch; at wy sizze wolle dat dit de Joadsk-Kristlike tradysje is, dan moatte wy dat ek skriuwe.
- Dit is net wat der yn de Bibel stiet; om't it stik al dy kant út giet, tinke de lêzers grif dat dat ús boarne is, dat of wy moatte in oare boarne neamje, of wy moatte ús hâlde oan wat der yn de Bibel stiet.
Evolúsje
[boarne bewurkje]Wy besykje de siden objektief te hâlden. Dat at wy hjir "Der bin guon dy't ûntkenne dat de minske skepen is.", ensfh. skriuwe, dan moat by Skepping ek "Der bin guon dy't ûntkenne dat de Minsk evoluearre is." Dat hat fansels allegear gjin doel; at wy mei twa tinkbylden oer it ûntstean fan de minsk oankomme, dan kin it ek net oars as dat net eltsenien dêr itselde oer tinkt.
Alders
[boarne bewurkje]- Dit ferhaal heart by de "betroubere oerlevering"; it moat net sa oardere wurde dat der stiet dat der ek neffens de evolúsjeteory minsken fan hast 1000 west hawwe.
- Wy hawwe no dat dy hege âlders "warskynlik" troch dat broeikaseffekt komme. Dat jout al oan dat dat net wis is, dat dêr't wy witte fan in oare teory moat dy ek opnaam wurde.
- Metusalem hjit yn it Frysk Metusalem.
Útstoarne rassen
[boarne bewurkje]- Dat "rassen" is faaks net sa'n goede kar, om't dat wurd yn it gefal fan de evolúsjeteory in oare betsjutting hat.
- Dat ferhaal fan dy eachsbrauwen fan de Neandertalers is aardich foar skoalbern, mar troch mear hier yn de eachsbrauwen feroaret de foarm fan de holle net. At wy hjir net wat betters foar hawwe, dan soe ik sizze dat dat stikje der better mar út kin.
- It wurd "we" hat op de ensyklopedysiden eins gjin plak, om't wy besykje gjin posysje yn te nimmen. De Wikipedy tinkt hielendal net dat in Neanderthaler al as net fan koart nei de jierren fan Noach is; at wy sizze wolle dat dat ôflaat wurde kin it it boppensteande, dan moat it ek sa skreaun wurde.
- Dat ferhaal oer dy hjoeddeiske rassen liket my wat te folle op de ideeên oer de hjoeddeiske talen. Dan moat it fansels oer folken gean yn stee fan rassen, en de taalkundige eftergrûn koe ek wol opnaam wurde yn de tekst.
Ik hoopje dat myn ideeën oer dizze tekst dúdlik binne. At immen it hjir net mei iens is dan hoopje ik dat dat hjir dúdlik makke wurde kin. Oars pas ik de side wer oan oan hoe't in side yn de Wikipedy neffens my wêze moat. Aliter 22.06, mai 30, 2006 (CEST)