Meidogger oerlis:Pyt

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wolkom by de Fryske Wikipedy!
As begjin hjir in pear oanwiizings wêr't de saken by de Fryske Wikipedy te plak binne:

  • Ynformaasjesiden oer de Wikipedy en behearsiden kinne jo fine fia de keppeling Wikipedy-mienskip (lofts boppenoan op eltse side).
  • Jo fragen, oer wat ek mar, kinne jo skriuwe op Wikipedy:Oerlis side.
  • Foar in sinjatuer by oerlis kinne jo trije of fjouwer golfkes brûke: ~~~~. As jo in oare sinjatuer hawwe wolle, bygelyks "PK", of "Pyt Kramer" folút, dan kinne jo dy noch oanpasse by jo Ynstellings - Alias.

Aliter 20.49, 10 jun 2005 (UTC)

Sideskiednis[boarne bewurkje]

Ik wit net krekt at it wie om't jo net oanmeld wienen, of om't jo krekt as de earste brûkers fan wiki-programma's it idee hinen dat de skiednis fan de side dúdlik wêze moast, mar ik seach dat jo op de oerlissiden tafoege hienen wat jo dien hienen. Lykwols, om't dêr al sa'n tiid ferlet fan is, docht it sêftguod dat no fansels: At jo wat feroarje, kinne jo yn it fjild Gearfetting skriuwe wat jo feroare hawwe. By is fêstlizzen wurdt de tiid fan de feroaring, mei jo namme/IP-nûmer en mei jo gearfetting tafoege oan de sideskiednis, dy't jo besjen kinne fia de keppeling skiednis of sideskiednis, boppeoan de side. Aliter 22.33, 12 jun 2005 (UTC)

Net oanmeld[boarne bewurkje]

As dat IP-adres dat sichtber is as jo net oanmeld binne allinnich fan jo is, dan kinne jo op de meidoggerside fan dat adres in trochferwizing nei jo gewoane meidoggerside meitsje. Dat is wat dúdliker as allinnich "Net oanmeld". <knypeaget>

As jo ienkear eigen ynstellings hawwe, kinne jo by it oanmelde oanjaan dat jo oare kear fansels oanmelde wolle. Dat wol sizze, ik hoopje dat dat kin. At it hieltyd noch net wol, dan moatte wy ris sjen wat der mis is. Aliter 22.33, 12 jun 2005 (UTC)

It oanmelden giet no blykber automatysk. Pyt 08.03, 13 jun 2005 (UTC)

Media-Wiki berjochten[boarne bewurkje]

Kinst om my wol dwaan. Jerne! Groetnis Kening Aldgilles 19 jan 07, 00:42 (CET)

Ik begryp net wêr't dit op slacht. --Pyt 20 jan 2008, 21.35 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie Pyt. Ik wie ris oan it sjen yn de kategory:wurk. Hjir kaam ik de side noaten fan jo sjen. Dizze side hat noch wol wat wurk noadich tink ik. Soene jo der ris nei sjen wolle? Tige tank. J'88 18 okt 2010, 13.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Spitigernoch haw ik der gjin tiid ta. De ôfbyldings steane op stq:. --Pyt 18 okt 2010, 17.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Muzyknoat[boarne bewurkje]

Ik wol net ferfelend dwaan, Pyt, mar jo hiene de ôfbyldings der hielendal net by stean, want it wiene deade links ear't ik deroer gear gie. Ynhâldlik hawwe jo wol in punt. It is dreech te sjen hokker ôfbylding oft by hokker stik fan 'e tekst heart, mar dat komt om't der eins tefolle ôfbyldings binne. Doe't it noch deade links wiene, namen se folle minder romte yn beslach. Soks kin oplost wurde troch in goed ûnderskrift by de plaatsjes te setten, en ik nim oan dat jo dat dien hawwe; dêr haw ik net nei sjoen. Dat de ôfbyldings no te lyts binne foar âldere minsken kin bêst sa wêze, en yn dit gefal, mei dizze prigelige plaatsjes mei tekst derop, tink ik dat dat net allinnich sa is foar âlderein. Mar as jo de plaatsjes grutter meitsje, nimme se noch mear romte yn beslach en drukke se inoar fierder nei ûnderen ta. Dan steane se dus op noch gruttere ôfstân fan 'e tekst dêr't se by hearre. Mar âldere minsken (en oaren) kinne fansels ek altyd even op in ôfbylding klikke om him op orizjinele grutte te besjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 sep 2016, 12.11 (CEST)[beäntwurdzje]

In protte ôfbyldings steane yndie op Commons en binne foar alle Wikipedyen te brûken. Dêrnjonken is it ek altyd noch sa dat ôfsûnderlike Wikipedyen har eigen ôfbyldings oplade kinne. Dat wurdt noch altyd in protte dien as men gjin ferstân fan Commons hat, of as der copyright op 'e ôfbyldings sit. Op Commons wolle se beslist gjin ôfbyldings mei copyright hawwe (en slane se nei myn miening dêryn troch, mar goed). De ûnderskate Wikipedyen kinne dêr har eigen regels foar meitsje. Sa hawwe wy fan 'e Fryske Wikipedy bgl. mei Utjouwerij Elikser (sjoch galery) in ôfspraak dat we de plaatsjes fan 'e omslaggen fan 'e boeken dy't Elikser útjout, brûke meie. Mar dat binne dus gjin rjochtefrije ôfbyldings. Ek mei Tresoar hawwe we in soartgelikense ôfspraak oer it brûken fan beskate âldere, mar (noch) net rjochtefrije foto's. Lang ferhaal koart: dizze noateplaatsjes binne blykber makke troch in meidogger fan 'e Sealterske Wikipedy en allinnich dêr opladen. Dus om se hjir te brûken, moasten se ek hjir even opladen wurde. Doe't ik ienris wist wêr't jo se wei hiene, wie dat yn in pear minuten klear, dus dêr haw ik net safolle wurk fan hân.
Oangeande it yndielen fan plaatsjes by tekst, dat stiet jo hielendal frij. Ik wol der wol even op wize dat ik in 'wrapper' om 'e plaatsjes oan 'e rjochterkant fan 'e side dien haw (dêrom steane se yn 'e bewurkingstekst no ek allegear boppe-oan byinoar). In wrapper soarget derfoar dat tekst njonken in grut tal ôfbyldings gewoan moai trochrint, sûnder dat it efter in ôfbyld 'heakket' en der wite flakken ûntsteane, wat oars wolris foarkomme wol. As jo de wrapper wer útinoar helje, dan moatte jo der wol even om tinke dat jo de | foar de [[ fan it begjin fan 'e ôfbylding ek even fuorthelje, as jo begripe wat ik bedoel. As ik jo noch in tip jaan mei, jo soene besykje kinne om de ôfbyldings om en om oan 'e rjochter- en linkerkant fan 'e tekst te pleatsen, miskien dat se dan tichter by it diel fan it artikel steane dêr't se by hearre. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 sep 2016, 12.50 (CEST)[beäntwurdzje]