Meidogger oerlis:Boppeslach

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.466 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Keatssiden[boarne bewurkje]

Goeie Boppeslach, Nochris wolkom op de wikipedy. Ik seach dat jo ynteresse by it keatsen leit. No haw ik my dêr ek wol mei dwaande hâlden, mar it ienige wêr't ik de lêste jierren oan ta kom is om in side fan de jierlikse PC te meitsjen. Ik besykje dêrfoar ek de lêste jierren wat plaatsjes fan de keatsers te meitsjen. Mochten jo siden meitsje fan keatsers fan de lêste tsien jier dan kinne jo hjir myn plaatsjes fine (under de kopkes PC2007 oant PC2014). Mochten jo ek noch tafoegings as wizigings hawwe op de siden dy't ik oer de PC's makke haw dan is dat ek tige wolkom. Ik seach ek dat jo de side fan Jacob Wassenaar wat oanpast hiene. Dy koe noch wol wat útwreide wurde fansels. Hy is immers ek al in skoftsje stoppe (wannear ek al wêr) en dan dochs wêr twa kear yn de PC-finale stean. Ik koe my net mear betinke wêrom hy foarich jier ek alwêr by Cornelis Terpstra meidie. Ik liuw as ferfanger fan in blessearde foarynse, mar foar wa? No jo moatte mar ris sjen at jo nocht hawwe om ús Fryske Wikipedy wat foarút te helpen.

Groetnis, Theun

Bêste Theun, Myn opset is om allinnich te skriuwen oer de keatserij en mei namme oer oansprekkende persoanen. Foaral keatsers út it ferline, mar mooglik ek oer bestjoerders dy't wichtich west ha. Keatsen is myn passy en dêr wit ik ek in protte oer. Mar ik ha spitichernôch net foldwaande tiid om der wykliks mei dwaande te wêzen. Ik ha wat help hân by it oanlearen fan feardichheden om stikjes te pleatsen, mar dat giet my noch net maklik ôf. Boppedat is it Frysk foar my in oanlearde taal en meitsje ik dêr noch wolris flaters yn. Tank foar de tasizzing om de plaatsjes te brûken, mar yllustraasjes is foar my net sa'n grut probleem. Ik kin beskikke oer in grutte kolleksje keatsfoto's en ha ek myn kontakten om keatsfoto's te krijen dy't ik ha wol. Mar it earst opstjoeren nei wikimedia en dan dêr út ophelje ha ik noch net besocht. Soks wêrhâldt my ek wol wat om der mei oan 'e slach te gean. Jo konkrete fraach oer Jacob Wassenaar kin ik as folgt beantwurdzje; Yn 2013 kearde Cornelis Terpstra nei in lange perioade fan ôfwêzichheid, troch in slim ûngemak, werom op de keatsfjilden. Cornelis hie yn 2002 de PC wûn mei Jacob Wassenaar en Rudmer van der Meer. Yn 2010 sette Jacob Wassenaar in punt efter it elke wykein útkommen op de haadklasse. Mar doe't syn neef en freon Cornelis Terpstra him frege om him te stypjen by syn come-back yn de keatserij, woe Jacob dat net wegerje en hat doe mei Cornelis keatst. Dat dy fertúten want se hellen de 2e priis op de PC fan 2013. In jier letter (2014) hie Cornelis in regulier partoer foarme mei Sprik en Steenstra en neef Jacob wie stoppe. Mar doe rekke topkeatser Taeke Triemstra blessearre. De maten fan Taeke Triemstra, Van der Bos en Isinger ha doe Jacob Wassenaar frege om as ferfanger te funksjonearjen sa lang dat nedich wie. Taeke ha in skoft revalidearre en dy op de PC mei. Mar healwei de dei dy bliken dat er net fierder koe. Jacob Wassenaar hat doe de partij foar him útkeatst en mei Isinger en Van der Bos de PC yn 2014 wûn.

Mei fr. gr. Boppeslach