Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Ate Grypstra

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wolkom by de Fryske Wikipedy

[boarne bewurkje]

Jo binne al goed dwaande mei it útwreidzjen fan Shakespeare en mei it ferbetterjen fan flaters. Ik seach lykwols dat jo noch wat problemen hienen mei opmaak. Under it bewurkingsfjild, njonken de knoppen, stiet altiten in keppeling Bewurk-help. Dy jout dan in nij finster mei oanwizings oer de wiki-skriuwwize.

Fierders noch wat algemiene oanwizings:

  • Ynformaasjesiden oer de Wikipedy en behearsiden kinne jo fine fia de keppeling Wikipedy-mienskip, lofts boppe-oan op eltse side.
  • Jo fragen, oer wat ek mar, kinne jo skriuwe op Wikipedy:Oerlis side.
  • Fia de keppeling Ynstellings kinne jo jo ynstellings wizigje. Hjir kinne jo ûnder oaren in sinjatuer ynstelle. Ek kinne jo hjir oanjaan of al jo bewurkings op jo folchlist set wurde moatte; dan kinne jo op jo folchlist sjen wat der bart mei de siden dêr't jo oan meiwurke hawwe.
  • By oerlis kinne jo trije as fjouwer golfkes brûke om de sinjatuer dy't jo ynsteld hawwe ta te foegjen: ~~~~. Dat liket dan sa:

Aliter 21.02, jun 26, 2006 (CEST)

Tank, Aliter. Jo hawwe goed sjoen dat ik my noch yn 'e opmaak ferdjipje moat. Ik sil der wat mear yndûke, sa dat jo der net eltse kear in soad wurk fan hawwe... :) 18.51, 27 jun 2006 (CEST)

Rosencrantz en Guildenstern

[boarne bewurkje]

Jo hienen oars al gelyk mei Rosencrantz en Guildenstern. Foar it fertellen fan it grutte ferhaal hoecht dat net sa presys, mar om't se by de neifolgers nemad wurde by Tom Stoppard moatte se dan earder fansels al foarkomme. Aliter 21.18, jun 26, 2006 (CEST)

John Shakespeare

[boarne bewurkje]

Dy lêste feroaring is my net dúdlik. Hawwe jo it idee dat John Shakespeare net yn Stratford-upon-Avon ferstoarn is? Aliter 00.37, 30 jun 2006 (CEST)