Meidogger oerlis:80.126.188.187

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.519 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Anonime bewurkings[boarne bewurkje]

Wolkom by de Wikipedy! Ik ha krekt in bewurking fan dy fuorthelle op de side oer DeFriezen. Do skriuwst hieltyd wer dat de beweging him 'beriedt' op nije plannen. Ik fyn it bêst dat se dat dogge, mar dit is in ensyklopedy yn in beskriuwende styl. Wy kinne de wrâld 'sa't dy derhinne leit' beskriuwe, en net de wrâld dy't wy graach ha wolle. As de beweging in beslút nommen hat om oer de takomst fan de beweging te berieden, dan moat dat wol ergens werom te finen wêze. As it yn 'e krante stien hat of op de ynternetside fan DeFriezen sels, dan soe ik dat stik wol graach opnimme wolle op de side.

De side oer de fernijingsbeweging DeFriezen noasket my noch net. Der sitte allegear nuvere dingen yn dy't ik net hifkje kin. Wat te tinken fan de gearwurking mei Die Friesen? Yn hokfoar foarm en wêr stiet dat dan beskreaun? DeFriezen bewarret inkeld de nijsberjochten oer de partij út East-Fryslân. Miskien kinsto helpe om it artikel te ferbetterjen? Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 maaie 2011, 19.39 (CEST)


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.