Meidogger:Kening Aldgilles/Test5
Ferdivedaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne mear as 100 horeka-gelegenheden yn Ljouwert, wêrûnder in soad kroegen, in tal feestkafees en fjouwer diskoteken. De iepeningstiden binne rom: der binne by dy't moarns om seis oere pas slute.
Kafees
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ljouwert hat in grut tal kroegen. Dy sitte benammen yn de Doelesteech, om it Ruterskertier, by it Gûverneursplein en oan de Nijstêd. Inkele kafees hawwe in poadiumfunksje, sjoch hjirfoar by 'Keunst en Kultuer' ûnder 'Konsert en teater'.
Kafees út de lanlike Kafee Top 100 fan it horekafakblêd Misset Horeca:
- Irish Pub Paddy O'Ryan (#28 yn 2008; #15 yn 2007)
- Kafee De Stee (#39 yn 2008; #45 yn 2007)
- Kafee De Striehoed (#99 yn 2008)
Tige âlde Kafees:
- Kafee Blauhûs (âldste kafee)
- Oranje Bierhûs (sûnt 1857)
- Kafee De Oksekop (sûnt 1912) (skilder Sir Lawrence Alma-Tadema brocht fan 1837 oant 1840 syn bernejierren troch yn de wente op dit adres, wylst syn heit dêr ek in notariskantoar hie. It Kafee is lokaal ek bekend as Kafee Eijgelaar, nei de namme fan de kastlein)
- Bierhûs Lampie (sûnt 1926)
Diskoteken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Club Noa
- Purple Food & Drinks
- Fire Palace
- Rumours
- Poadium 058
Fierders binne der ferskate dûnskafees lykas Kafee Kafee en kroegen oan de Doelesteech.
Hotels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grand Hotel Post-Plaza
- Bastion Hotel Ljouwert
- Eden Oranje Hotel
- Hotel Bêd & Brochje Bordine Studiorent
- Hotel Kafee 't Anker
- It Eurohotel
- Hotel Steedhâlderlik Hof
- Hotel Wyswert
Ytgelegenheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Doozo (fan 16 jannewaris 2006 o/m 10 april 2007 die it sushirestaurant mei oan it populêre televyzjeprogramma Myn Tinte is Top en waard in de finale ferslein)
- Pizzeria Sardegna
- Siderius
- Spinoza
- Humphrys
- Café Café
- StadsCafé
- Dikke Van Dale
- Brasserie Lourens
Stedsfernijing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De binnenstêd is diels autofrij makke troch in trochgeande wei te foarsjen fan beweechbere peallen wêrby't allinnich bussen der troch kinne. Fierders is der ferskerpe tasicht mei it each op de feilichheid yn de binnenstêd. In oantal âlde stedswiken mei in soad kriminaliteit en leechstân binne renovearre. De folgjende trije wiken binne fernijd: de Vegelinbuert, de Frijheidswyk en Skieringen-Heechterp.
- De Vegelinbuert is in âlde arbeidersbuert, in wyk mei in soad ferslaafden en kriminaliteit. Der wiene in soad húskemelkers. It grutste diel fan de buert is saneard wêrnei't der nije huzen boud binne foar húshâldings.
- De Frijheidswyk hat in soad heechbou út de jierren sechstich. In oantal flats is sloopt, hjirfoar komme appartemintekompleksen en iengesinswenten yn 't plak. In wichtige reden om foar sloop te kiezen wie om ilegale bewenning in halt ta te roppen. Ek yn dizze wyk wie in soad kriminaliteit. Anno 2007 wenje der in soad studinten.
- De wyk Skieringen-Heechterp komt oerien mei de Frijheidswyk kwa boujier en soart bebouwing. Der wie in soad kriminaliteit, inkele flats binne sloopt t.b.v. iengesinswenten mei grutte tunen. Hjir wenje ek in soad studinten en jongerein. Der binne ek nije appartemintekompleksen boud.
- Binnenstêd:
- It sân ferdjippings tellende gebou Amicitia, wurdt restyled ta in futuristysk eagjend gebou. It leit op in prominint plak yn de binnestêd fan Ljouwert. It ûntwerop foarsjocht yn it werûntwikkeljen en it restylen fan it kantoargebou nei apparteminten op de ferdjippingen en it hanthaven fan winkelromte op de begeane grûn. Oant 1968 hat op dizze lokaasje in byldbepalend hotel stien, neamd 'Amicitia'. Yn 1969 waard der, kenmerkend foar dy tiid, gewoan in flatgebou foar yn't plak setten. It plan foar dizze lokaasje is yn ûntwikkeling.
- Sûnt 2007 is de sintrumring diels ienrjochtingsferkear. Ek is it stedssintrum fierder autolij makke mei busslûzen.
- Suderplantaazje leit oan de súdrâne fan Ljouwert. Tichtby Huzum-Doarp en it Drachtsterplein wurde 49 iengesinswenten ûntwikkele. Fierders komme der 107 apparteminten dy't bestean út in wentoer mei 16 ferdjippings (45 apparteminten) en twa 7-laachske appartemintsgebouwen (elk 31 apparteminten). Der is in wenbuert mei lytsere strjitten komd dy't oanslút by de lytsskealigens en ferskaat fan it besteande doarp Huzum.