Springe nei ynhâld

McMinnville (Oregon)

Ut Wikipedy
McMinnville
Lizzing yn Oregon
Lizzing yn Oregon
Bestjoer
LânFeriene Steaten
SteatOregon
CountyYamhill County
BoargemasterRick Olson
Sifers
Ynwennertal32.187 (2010)
Oerflak27,40 km²
Befolkingsticht.1.174,6 / km²
Hichte48 m
Oar
Stifting1856
TiidsôneUTC-8
SimmertiidUTC-7
Offisjele webside
City of McMinnville

McMinnville is de haadstêd fan Yamhill County yn de steat Oregon, Feriene Steaten. McMinnville leit 80 km fan de Stille Oceaan, 56 km fan Portland en 42 km fan Salem, de haadstêd fan de steat.

De stichter William T. Newby neamde it plak nei syn thússtêd McMinnville yn Tennessee. Hy wie ien fan de earsten dy't nei it westen fan de FS oer de Oregon Trail ferfear.

McMinnville waard yn 1882 formeel stêd, en nei in folksrieplachting waard yn 1886 besletten dat it countybestjoer ferpleats waard fan Lafayette nei McMinnville.

In wichtige toeristyske attraksje is it Evergreen Aviation Museum, dêr't ûnder oaren Howard Hughes syn Spruce Goose te sjen is, de grutste fleanmasine mei propelleroandriuwing yn de wrâld. It museum hat fierders in soad tastellen dy't yn Amearika's oarloggen yn de 20e iuw brûkt waarden.

By ufo-leafhawwer is McMinnville ferneamd út reden fan de foto's dy't yn juny 1950 publisearre waarden yn the News Register, dy't fan in ufo-waarnimming in moanne earder wêze soene. De foto's waarden dêrnei troch The Oregonian en LIFE Magazine oernaam.

It simmerfestival Turkey Rama lûkt alle simmers in soad besikers; by dit festival wurdt de tradysje fan it barbecueë fan kalkoen yn eare holden.

McMinnville hat sa'n 9.367 húshâldings en 6.463 famyljes.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • McMinnville Public Library
  • Linfield College Libraries
  • Cook Elementary
  • Columbus Elementary
  • Grandhaven Elementary
  • Memorial Elementary
  • Newby Elementary
  • Wascher Elementary
  • Duniway Middle School
  • Patton Middle School

Middelbere skoallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • McMinnville High School
  • Media Arts and Communications Academy
Boarnen, noaten en/as referinsjes: