Maybole

Ut Wikipedy
Maybole
Am Magh Baoghail
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Dielsteat Skotlân
Council area Súd-Ayrshire
Sifers
Ynwennertal 4.760 (2011)
Hichte 84 m
Oar
Tiidsône UTC+0
Simmertiid UTC+1
Offisjele webside
Hiemside Maybole

Maybole (Skotsk-Gaelysk: Am Magh Baoghail) is in plak yn de Skotske Council Area Súd Ayrshire. It doarp leit sa'n 15 km besuden Ayr, 20 kilometer benoarden Girvan en 80 km súdwestlik fan Glasgow yn it sintrum fan de histoaryske regio Carrick dêr't it ek it haadplak fan wie.

Maybole leit net fier fan it berteplak fan Robbie Burns, Skotlân's nasjonale dichter. William Burns, syn heit, boaske in ynwenner fan Maybole, Agnes Broun (webstee Maybole). John Loudon McAdam (1756–1836), skotsk yngenieur en betinker fan de makadamwei hie in bûtenpleats ûnder Maybole.

Yn de 19e iuw waard Maybole in sintrum fan de skuon- learzeyndustry.

Partnerstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens (in) [bewurkje seksje | boarne bewurkje]