Max Tetzner
Max Tetzner | ||
Tetzner (1921) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Max Tetzner | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Dútsk | |
bertedatum | 25 septimber 1896 | |
berteplak | Grins | |
stjerdatum | 7 jannewaris 1932 | |
stjerplak | Amsterdam | |
klupskiednis | ||
posysje | Oanfaller | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1914-1923 | Be Quick | |
nasjonaal team | ||
1921-1922 | Nederlân | 3 (0) |
Max Robert Dietrich Tetzner (Grins, 25 septimber 1896 - Amsterdam, 7 jannewaris 1932) wie in Dútsk-Nederlânsk fuotballer dy't as oanfaller spile.
Om't de heit fan Max, Carl Paul Tetzner, yn Dútslân berne is. Wie Max de earste 22 jier fan syn libben Dútser. Op 26 april 1919 is er ta Nederlanner naturalisearre. Max Tetzner debutearre yn it earste fan Be Quick út Grins op 11 oktober 1914 yn de thúswedstriid tsjin Achilles. Hy skoarde gelyk in trije doelpunten. Syn lêste wedstriid spile er op 11 febrewaris 1923 thús ek tsjin Achilles. It hichtepunt kaam yn 1920 doe 't Be Quick lânskampioen waard. Lykas hast it hiele kampioensteam waard ek Tetzner selektearre foar it Nederlânsk alvetal. Hy makke syn debút op 12 juny 1921 yn in útwedstriid tsjin Denemark. Hy spile yn totaal trije ynterlannen. Max Tetzner spile ek ferskate kearen yn it noardlik alvetal. Njonken fuotballer wie Tetzner ek in talintearre reedrider hy waard yn 1919 en 1922, Nederlânsk kampioen allround.
Nei syn sportkariêre wie Tetzner wurksum as kiel-, noas- en eardokter. Max Tetzner ferstoar op 7 jannewaris 1932, yn 'e aldens fan 36 jier, oan de gefolgen fan in ynfeksje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|