Springe nei ynhâld

Max Giesinger

Ut Wikipedy
Max Giesinger
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne 3 oktober 1988
berteplak Waldbronn (Baden-Wuertemberch)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Dútsk
jierren aktyf Sûnt 2012
offisjele webside
www.maxgiesinger.de

Max Giesinger (Waldbronn (Baden-Wuertemberch), Dútslân. 3 oktober 1988) is in Dútske sjonger, songwriter en muzykprodusint.

Giesinger woeks nei de skieding fan syn heit en mem op as iennigsts bern by syn mem. Yn 'e âldens fan trettjin spile er yn syn earste band, de "Deadly Punks". Doe't er tweintich wie spile er yn de bands Bud Spencer Group en Sovereign Point en as soloprojekt Maxville. Ek fersoarge er njonken skoalle noch sa'n 70 optredens. Nei de foltôging fan syn stúdzje yn Karlsbad reizge er yn it ramt fan in Work & Travel-programma nei Austraalje en Nij-Seelân, dêr't er as strjitmuzikant wurke. Dêrnei besocht er him yn Dútslân as studint yn te skriuwen by de Popakademy Baden-Württemberg yn Mannheim, mar hy helle it talittingseksamen net.

Yn 2011 die Giesinger mei oan "The Voice of Germany" en wist yn er febrewaris 2012 de finale te heljen, dêr't er as fjirde einige. Mei syn nûmer "Dach der Welt" helle er it fjirtjinde plak op de Dútske hitlisten en Giesinger makke foar it earst in tour troch it lân mei optredens yn tolve stêden. Yn 2013 brocht Giesinger "Unser Sommer" út en der folge in twadde toernee troch Dútslân.

Yn 2014 ferbriek Giesinger syn platekontrakt en yn febrewaris fan dat jier sette er om syn earste album te finansjieren in crowdfunding op it Dútske platform Startnext op. Syn debútalbum "Laufen lernen" brocht Giesinger mei help fan Rent a Record Company yn eigen behear út. It twadde album "Der Junge, der rennt" waard opnommen yn Mannheim en Großenbrode. It slagge Giesinger om mei de ynternasjonale muzykûndernimming BMG de produksje op de merk te bringen. Boppedat waard de earder útbrochte singletrack fan it album "80 Millionen" in hitsúkses yn Dútslân. Twa wike letter krige ek it album in plak yn de Dútske en Switserske hitlisten. Ek de twadde singletrack fan it album "Wenn sie tanzt" waard in hit yn Dútslân. Op 23 novimber 2018 brocht er it tredde studioalbum "Die Reise' út. Op 23 augustus 2019 brocht er mei de Dútske sjongster Lotte it duet "Auf das, was da noch kommt" út.

Giesinger wie yn 2018 ek coach by de Dútske ferzje fan "The Voice Kids" en yn de simmer fan 2019 wie er sjuerylid fan it programma "The Masked Singer". Dêrnjonken is de sjonger sûnt 2016 ambassadeur fan Herzenssache, in helporganisaasje fan de SWR, SR en Sparda-Bank foar efterstelde bern.

  • 2016: Goldene Henne yn de kategory debutant fan it jier
  • 2016: MTV Europe Music Award yn de kategory Best German Act
  • 2016: In Touch Award yn de kateogry Musik National Male
  • 2016: Radio Galaxy Award
  • 2016: 1 Live Krone 2016 foar 80 Millionen yn de kategory beste single
  • 2017: LEA Award yn de kategory "Club-Tournee des Jahres 2016"
  • 2017: Radio Regenbogen Award yn de kategory Newcomer National 2016
  • 2017: SignsAward yn de kategory "Shooting-star des Jahres 2017
  • 2017: Bayerischer Musiklöwe yn de kategory Newcomer National
  • 2019: Bambi yn de kategory "Publikums-Bambi"
  • 2019: Nickelodeon Kids' Choice Awards yn de kategory "Lieblings-Cast für "The Voice Kids"
  • 2020: Deutscher Fernsehpreis yn de kategory "Beste Unterhaltung / Show für "The Masked Singer"

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side