Waldbronn
Appearance
| Waldbronn | ||
| Roomske tsjerke fan Etzenrot | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| dielsteat | ||
| lânkring | Karlsruhe | |
| Stedsyndieling | 3 Ortsteile | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 13.235 (2022) | |
| Oerflak | 11,35 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.166 ynw./km² | |
| Hichte | 261 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 76337 | |
| Koördinaten | 48° 55' N 8° 28' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.waldbronn.de | ||
| Kaart | ||
Waldbronn is in gemeente yn it Albtal yn it noarden fan it Swarte Wâld. De gemeente heart by de lânkring Karlsruhe yn 'e Dútske dielsteat Baden-Württemberg.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waldbronn leit oan 'e râne fan it Alb-Pfinz-plato yn 'e delling fan 'e rivier de Alb, likernôch 10 kilometer súdeastlik fan Karlsruhe.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet sûnt 1972 troch gearfoeging fan 'e folgjende plakken (Ortsteile):
- Busenbach (ynwennertal 2019: 5883)
- Etzenrot mei Neurod (ynwennertal 2019: 2184)
- Reichenbach (ynwennertal 2019: 5512)
In jier earder wiene Reichenbach en Etzenrot al ta ien gemeente fusearre. De trije plakken hawwe in âlde skiednis en waarden yn 1292 foar it earst neamd.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waldbron is in roomsk-katolike gemeente. Alle trije plakken hawwe in katolike tsjerke. Sûnt 1973 is der ek in protestantske gemeente mei in tsjerke yn Reichenbach.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Edmund Becker (berne yn 1948), fuotballer
- Max Giesinger (berne yn 1988), sjonger
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Waldbronn fan Wikimedia Commons. |