Maurits Verveer

Ut Wikipedy
Maurits Verveer
Selsportret
Selsportret
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 maaie 1817
berteplak De Haach
stoarn 23 maart 1903
stjerplak De Haach
wurkpaad
berop/amt Skilder en fotograaf
jierren aktyf 1857-1890 (as fotograaf)
offisjele webside
RKD-profyl

Moses Leonardus (Maurits) Verveer (De Haach, 7 maaie 1817 - dêre, 23 maart 1903) wie in Nederlânske keunstskilder en fotograaf. [1]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Verveer wie in soan fan winkelman Leonardus Moses Verveer en Carolina Elkan. Hy folge in oplieding ta keunstskilder. Ek syn bruorren Salomon en Elchanon waarden skilders. Verveer makke meastal marines en Skeveningke strângesichten.

Yn 1857 iepene er syn Etablissemint van photograpische portretten. Der wurdt tocht dat er de oerstap nei fotografy makke omdat de ynkomsten as skilder ôffoelen. Hy soe yndied mear fertsjinje as syn skilderjende bruorren. [2] Hy lei him ta op it fotografearjen fan ferneamde persoanen. Yn 1861 joech er it Album van onze tijdgenooten op het gebied van Kunsten en Wetenschappen út, dêr't er sechstich portretten fan heechlearaars en keunstners yn byinoar brocht.
Hy fotografearre ek leden fan it keninklik hûs en ûntfong yn 1863 in presint fan keninginne Sophie, as tank foar syn wurk. Hy mocht him it jier derop photograaf fan Z.M. den Koning der Nederlanden en noch in jier letter photograaf fan Z.M. den Koning der Nederlanden en H.M. de Koningin neame. [3] makke de earste offisjele foto fan prinses Wilhelmina, hast twa moanne nei har berte.


Verveer wie lid fan de Pulchri Studio, dêr't syn broer Salomon presidint fan west hat. Doe 't er hast 75 wie, sleat er syn fotostudio en die er as skilder wer mei oan ferskate eksposysjes. Hy ferstoar yn 1903, yn 'e âldens fan 85 jier.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlandse fotografen vanaf 1839: Verveer, Maurits
  2. Rooseboom, H.T. (2006) De schaduw van de fotograaf: Positie en status van een nieuw beroep: fotografie in Nederland, 1839-1889. Utert. (proefskrift)
  3. Mensonides, H.M. (1977) "Een nieuwe kunst in Den Haag. Encyclopedisch overzicht van de eerste Haagse fotografen", Die Haghe. Jierboek 1977, siden. 47-104