Springe nei ynhâld

Marwan Barghouti

Ut Wikipedy
Marwan Barghouti

Marwan Barghouti (Arabysk: مروان البرغوثي, Palestynsk-Arabysk: Marwān il-Barghūthi, ek wol Barghuti stavere; Kobar by Ramallah, 6 juny 1959) is in Palestynsk politikus. Barghouti sit sûnt 2002 fêst yn Israel dêr't er ta fiif kear libbenlange finzenisstraf feroardield is fanwege mearfâldige moard en terrorisme.

Barghouti wurdt beskôge as de oanfierder fan de Earste- en Twadde yntifada. Barghouti hat earder it fredesproses stipe, mar rekke teloarsteld en waard nei 2000 ien fan de grutte mannen efter de Al-Aksa Yntifada yn it Westjordaanlân. Barghouti wurdt ek fan tocht dat er de Tanzim stifte hat. De Israelyske skriuwer Uri Avnery neamt him de 'Mandela fan Palestina', dat fanwege syn ûnbaatsuchtige wize fan striden foar it Palestynske folk. [1]

Barghouti hat noch altyd in soad ynfloed yn de Fatah-beweging út syn sel wei. Ek ûnder oare politike groepen, sa as Hamas is hy populêr; hy soe faaks Palestynske en Israelyske groeperingen mei elkoar ferienigje kinnen en der wurdt wol spekulearre oer him as opfolger fan presidint Mahmud Abbas[2].

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante 13 april 2012 s. 6, Hef Palestijnse poppenkast op. Sjoen 15 april 2012.
  2. Palestine's Mandela by Uri Avnery. Rieplachte: 5 sesimber 2009.