Springe nei ynhâld

Martin Schröder

Ut Wikipedy
Martin Schröder yn 1974
Martins Air Charter Douglas C-47B Dakota PH-MAA op it fleanfjild fan Manchester yn 1961
Byld fan Schröder yn Ouderkerk aan de Amstel

Johan Martin Schröder (Amsterdam, 13 maaie 1931 - Noordwijk, 2 oktober 2024) wie in piloat en oprjochter fan de twadde Nederlânske loftfeartmaatskippij nei de KLM, Martinair. By de oprjochting yn 1958 hjitte dy noch Martin's Air Charter.

Yn 1998 nam er - 40 jier nei de oprjochting - ôfskied as presidint-direkteur fan Martinair. Aart van Bochove folge him op yn dy funksje.

Fan septimber 1975 oant septimber 1976 wie Schröder foarsitter fan AMREF Flying Doctors Nederlân. Yn 1981 waard er earelid fan dy organisaasje.

Marc Schröder, syn soan, stichte yn 'e mande mei Michiel Muller de ûnbemanne benzinestasjonkeatling Tango en de pechhelptsjinst Route Mobiel (2004).

Schröder stoar yn 2024, hy waard 93 jier. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Luchtvaart Nieuws, 2 oktober 2024.