Martin Ros
Martin Ros | ||
Martin Ros | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 jannewaris 1937 | |
berteplak | Hilfertsom | |
stoarn | 8 desimber 2020 (83 jier) | |
stjerplak | Amersfoort | |
wurkpaad | ||
berop/amt | útjouwer, redakteur, skriuwer | |
aktyf as | boekenresensint, radiopresintator | |
jierren aktyf | 1964 - 2010 | |
offisjele webside | ||
gjin |
Martin Ros (Hilfertsom, 2 jannewaris 1937 - Amersfoort, 8 desimber 2020) wie in Nederlânsk útjouwer, redakteur, boekenresensint, radiopresintator, skriuwer en publisist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ros waard grutbrocht yn in tige katolike Hilfertsomske arbeiderswyk Klein Rome. Syn net altyd postive ûnderfinings yn syn jonkheid dêre hat er yn 1997 beskreaun yn it boek Herinneringen aan mijn rijke roomse jeugd.
Yn 1964 waard er redakteur by útjouwerij De Arbeiderspers, wêrfoar't er ek it tal boekerigen makke. De bekendste binne Privé-Domein en Oorlogsboeken. Ros wie ek redakteur fan it literêr tydskrift Maatstaf. Sûnt 1996 wurket er as freelance-publisist en fertaler. Ros skreau sels ek boeken, fral oer syn passy hurdfytsen.
Ros waard by it grutte publyk bekend fanwege syn boekresinsjes yn het radioprogramma TROS Nieuwsshow op Radio 1, dy't er fan 1985 ôf alle wiken fersoarge. Omdat de TROS it programma ferjongje woe, moast Ros dêr mei ophâlde. Dat levere ferdielde reaksjes op ûnder de 800.000 fêste harkers fan it programma. Op 22 desimber 2007 wie syn lêste útstjoering.[1] Yn 2008-2010 wie er wer as kollumnist te beharkjen, no oer it ynternet by de doetiidske boekwinkelkeatling Selexyz.
Martin Ros wenne de lêste jierren fan syn libben yn in ferpleechhûs yn Amersfoort. Hy stoar dêr yn de âldens fan 83 jier oan de gefolgen fan in ynfeksje troch it koroanafirus.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heldenlevens, 1987
- Gerrit Schulte, 1987
- Bloednacht Mayerling, 1989
- Wielerhelden, 1991
- Vuurnacht, 1991
- Liefde en ouderdom, 1993
- Fausto Coppi, een heldenleven, 1994
- Jakhalzen van het derde rijk, 1995
- Herinneringen aan mijn rijke roomse jeugd, 1997
- Heersers van de Tour, 1997, Martin Ros & Wout Koster
- De wonderlijke Tour, 2000
- Triomf, 2001
- Een vergeten oorlog, 2003
- Elisabeth, 2005
- De klimmers
- Rose verhalen, Martin Ros & J. Bernlef
- Ik herinner mij, Martin Ros & Emile Brugman
- Het dagboek van een kamermeisje, O. Mirbeau & Martin Ros
- De zondebok, August Strindberg, Martin Ros & Rita Tornqvist-Verschuur
- De duizendkunstenaar van Lublin, Nico Polak & Martin Ros
- Climax (karlêzing)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|