Springe nei ynhâld

Meint Hylkes Bottema

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Marten Baersma)
Meint Bottema

Meint Hylkes Bottema (Eastermar, 25 maart 1890 - Ljouwert, 13 novimber 1918), pseudonym Marten Baersma, wie in Frysk skriuwer.

Meint Hylkes Bottema, kaam út in bakkershúshâlding. Hy blykte in natoerleafhawwer te wêzen en swalke as bern in soad yn de omkriten fan Eastermar. Nei de legere skoalle waard hy timmermansfeint en wurke himsels op ta boukundich tekener. Hoewol't hy otterdoks-protestant opfieden wie, krige hy sympaty foar de kristlik-sosjale beweging. Skriuwer Douwe Kalma beskreaun him as "myld en freonlik, dúdlik en stil fan aard en djip-earnstich". Yn himsels keard at er wie hold hy in deiboek by en skreau in soad brieven. Hy wie bekend mei it wurk fan Piter Jelles en it Frysk spile in wichtige rôl yn syn libben.

Bottema brocht syn Militêre tsjinsttiid troch as ordonnâns-fytser yn Noard-Brabân, dêr't hy fanwege de mobilisaasje foar de Earste Wrâldkriich legere wie. Yn dizze perioade skreaun hy in tal ferhalen en sketsen, dy't hy ûnder de skûlnamme Marten Baersma opstjoerde nei Douwe Kalma, yn dy tiid in rizende stjer yn de Fryske literêre wrâld. Kalma wie ûnder de yndruk fan Bottema's wurk en beide manlju rekken mei inoar befreone. Yn de hjerst fan 1915 rjochten se tegearre mei E.B. Folkertsma en R.P. Sybesma de Jongfryske Mienskip op. Dizze beweging bepleite - lykas de Tachtigers yn it Nederlânske taalgebiet - in mear estetyske en persoanlike Fryske literatuer.

Nei syn demobilisaasje yn 1917 waard Bottema beneamd as boukundich opsichter yn Ljouwert. In pear jier letter ferstoar hy, noch mar 28 jier âld, yn Ljouwert oan de Spaanske gryp.

Bottema's bekendste wurk is de yn syn mobilisaasjetiid skreaune ympresjonistyske novelle De jonge fan de Marsheide (1916). It soe it ienige boek wêze dêr't hy de publikaasje noch sels fan meimakke. Twa oare ferhalen fan Bottema, Jelmers jonge libben en De jongste, ferskynden pas yn 1925 yn De ljochte kimen, in troch Kalma gearstalde en wiidweidich ynlate sammelbondel. In grut diel fan Bottema's neilitten wurk, wêrûnder brieven en deiboekfragminten, soe fan 1927 oant 1932 troch Kalma ûnder de titel De jonge kimen II publisearre wurde yn it tydskrift Frisia, it orgaan fan de Jongfryske Mienskip.

Al waard Bottema's wurk yn it earstoan heech priizge, benammen troch Kalma, lettere kritisy wienen minder optein. Jan Piebenga oardielde yn 1957: "Dit proaza is iepen en hast firginaal, mar dochs beheind, swak, mei wat tefolle fan de puberteitsstimming. Te min is yn dizze dreamen fan in goed mins wat fan in grutte, fûleindige striid te fernimmen. Baersma seach inkeld de harmonij yn de natoer (...). Foar alle disharmonij en duvelsheid like hy, dy't dochs de oarlochsjierren en it wapengeweld fan tichtby meimakke hie, blyn te wêzen.". Klaes Dykstra fûn yn 1977 it wurk fan Bottema "ryklik idyllysk en faaks dreamerich-wrâldfrjemd" oerkommen.

Yn 1990 waard De jonge fan de Marsheide opnij útbrocht.

  • 1916: De jonge fan de Marsheide (novelle) (yn 1990 opnij ferskynd, ISBN 90-70098-30-X)
  • 1925: De ljochte kimen (sammelbondel, besoarge en ynlaat troch Douwe Kalma)
  • 1927-1932: De ljochte kimen II (neilitten wurk, brieven en deiboekfragminten, besoarge troch Douwe Kalma)

Boarnefermelding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]