Springe nei ynhâld

Marsumermole

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Marsumermûne)
Marsumermole
mûne / mole
De mûne yn 2010
De mûne yn 2010
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plakMarsum
adresRiemer Veemanstrjitte 1-B
koördinaten53° 12' N 5° 43' E
bysûnderheden
type mûneMuonts
funksjePoldermûne
oarspr. gebrûkIt bemeallen fan de Marsumerpolder
flecht22 meter
boujier1903
oare ynformaasje
eignerStifting Mûnen Menameradiel
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer28624
Webside
St. Mûnen Menameradiel
Kaart
Marsumermole (Fryslân)
Marsumermole

De Marsumermole is in poldermole en in ryksmonumint westlik fan Marsum yn de gemeente Waadhoeke.

Stichtingsstien

De Marsumermole, in muonts dy't wat noardwestlik fan it doarp stiet, waard yn 1903 boud foar it bemeallen fan de Marsumerpolder. Tanksij in twadde fizelynstallaasje kin hy ek ynmealle. Yn 2000 waard de mole foar it lêst restaurearre.

It is in houten achtkante muonts, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid en in flecht fan 22,00 meter. De Marsumermole, eigendom fan de Stifting Moles yn Menameradiel, is mealree yn sirkwy en kin op ôfspraak besichtige wurde. Ek kin hy as trouseal brûkt wurde.

Yn desimber 2019 krige de Marsumermole in nije fizel.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: