Springe nei ynhâld

Marnewaard

Ut Wikipedy

De Marnewaard is it eastlik diel fan de Lauwersmarkrite dat nei de ôfsluting fan de Lauwerssee fan 1969 drûch kaam te stean.

It gebiet bestiet út in tal eardere sânplaten en is foar it grutste part by Definsje yn gebrûk as oefenterrein. Mei 1345 hektare is dit it grutste oefenterrein fan Nederlân dat ek it militêr oefendoarp Marnehuzen hat.

In lytser part fan de waard is natuergebiet. De fierst eastlike, oarspronklike kwelders wurde as lânbougrûn brûkt.

De krite wurdt bemeald troch it gemaal Nieuwe Robbengat, dat oars ek de Westpolder útwetteret. De Westpolder is it part fan it 'âlde lân' fan foar 1969, dat doe loste op de Lauwerssee. De suaasjeslinke fan it eardere waad yn de polder is noch altyd ûnderdiel fan it wettersysteem.

Dwers troch de Marnewaard rint ek de Europeeske kuierrûte E9, dy't fan Portugal nei de Eastsee rint. Pleatslik hiet de rûte Waad- en Wierdepaad.

Alle jierren wurdt op it militêr oefenterrein it Noardlik Pinksterkamp (meastal ôfkoarte ta NPK) organisearre; it grutste kamp fan West-Jeropa. Der komme sa'n 3500 skouts út fral Noard-Nederlân op ôf.