Springe nei ynhâld

Marnehuizen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 mai 2007 om 03.55 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Utwreide)

Marnehuzen is in militêr oefendoarp op it militêr oefenterrein Marnewaard, flakby de Lauwersmar.

Doarp

It "doarp" bestiet út in tal huzen, in stikje spoar mei in stasjon, in gemeentehûs, bank, supermerk, tankstajon, loadsen, in yndustrygebiet en sels in ûndergrûns rioelstelsel. De strjitten fan it doarp hawwe nammen fan strjitten út it sintrum fan Rotterdam fan foar it bombardemint yn de Twadde Wrâldkriich]].

Doel

Militêren kinne yn it oefendoarp realistysk traine yn de technieken fan it fjochtsjen yn in stêd. It doarp wurdt ek brûkt foar oefenings fan plysje en brânwacht.

Tagonkelikens

It doarp is yn it wykein foar it publyk tagonklik, at der teminsten gjin oefenings plak fine. De gebouwen sels binne dan wol ôfsluten.

Flak lâns Marnehuzen, troch it militêr oefenterrein, rint in kuierrûte dy't in ûnderdiel is fan de Europeeske kuierrûte E9.