Spoar
Appearance
"Spoar" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:
- spoar (ferfier), in foarm fan ferfier dy't oer it spoar giet, mei de trein
- spoar (baan), in trajekt belein mei rails dêr't treinen of trams oer ride
- spoar (nûmer), in nûmere oantsjutting foar in spoarbaan
- spoarweimaatskippij, in ûndernimming op it mêd fan treinferfier ("hy wurket by it spoar")
- spoar (oerbliuwsel), eat dat efterbliuwt nei de iene of oare aktiviteit
- spoar (print), in ôfdruk fan fuotten of bistepoaten dy't him faak oer in langer trajekt werhellet
- spoar (bouwurk), in fysyk efterbliuwsel fan eardere bouwurken sa't dy oantroffen wurde by argeologyske opgravings
- spoar (hynsteriden), in puntich útsteksel of in tsjiltsje mei in grut tal puntige útsteksels dat oan 'e hakke fan in rydlears befêstige wurdt by it hynsteriden, om it hynder mei oan te trúnjen om hurder te gean
- spoar (botany), in hol, almeast kegelfoarmich útsteksel oan 'e foet fan in kroanblêd, tsjelkblêd of fergroeide kroan fan in blom
- spoar (lichemsdiel), in puntich útsteksel oan 'e poaten fan beskate fûgels, benammen hineftigen; komt yn in oare foarm ek foar by beskate reptilen en sûchdieren
- spoar (boukunde), in ûnderdiel fan 'e konstruksje fan in dak
- spoar (skiekunde), in tige lytse hoemannichte fan in stof
- spoar (lineêre algebra), de optelling fan 'e wearden op 'e diagonaal fan in fjouwerkantige matriks
- spoar (galoisteory), de optelling fan 'e wearden op 'e diagonaal fan in represintaasjematriks
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- spoare, it fuortplantingsorgaan by fearplanten, skimmels en baktearjes