Springe nei ynhâld

Marjolein de Jong (follybalster)

Ut Wikipedy
Marjolein de Jong
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marjolein Elisabeth de Jong
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 16 maaie 1968
berteplak Lekkerkerk
lingte 1.85 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Barcelona 1992, Atlanta 1996
wichtige prestaasjes
1x goud EK 1995

Marjolein Elisabeth de Jong (Lekkerkerk, 16 maaie 1968) is in earder Nederlânsk follybalster.

Marjolein de Jong kaam foar it earst foar Nederlân út op de Olympyske Spullen yn it jier 1992 doe't de Olympyske Simmerspullen hâlden waarden yn Barselona. Hja einige doe mei de Nederlânske ploech sechsde fan de acht dielnimmende lannen. Op de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta waard de ploech, mei Marjolein de Jong, fiifde fan de alve dielnimmende lannen. Ek makke hja diel út fan de ploech dy't yn 1995 yn Arnhim de Europeeske titel helle, troch Kroaasje yn de finale mei 3-0 te ferslaan. Yn totaal hat Marjolein de Jong 394 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Der binne dêrmei mar trije oare follybalsters dy't mear ynterlannen spile ha as Marjolein de Jong.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: