Springe nei ynhâld

Marijetsjerke of Koepeltsjerke

Ut Wikipedy
Marijetsjerke of Koepeltsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeenteGoaiske Marren
plak Bussum
adresBrinklaan 40-A
koördinaten52° 16'N 5° 9'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipPKN
bisdomHaarlim-Amsterdam
patroanhilligeMarije
Arsjitektuer
arsjitektJ.Th.J. Cuypers; P.J.J.M. Cuypers
boujier1921
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer513238
Webside
www.h-drieeenheid.nl
Kaart
Marijetsjerke of Koepeltsjerke (Noard-Hollân)
Marijetsjerke of Koepeltsjerke

De Marijetsjerke of Koepeltsjerke (folút: Tsjerke fan Us Leaffrou fan Ivichduorjende Bystân') is in roomsk-katolike tsjerke oan 'e Brinkleane yn it sintrum fan Bussum.

De neo-byzantynske tsjerke mei in bysûndere koepelkonstruksje yn easterske styl nei in ûntwerp fan J.Th.J. Cuypers en P.J.J.M. Cuypers, respektivelik soan en pakesizzer fan P.J.H. Cuypers, datearret út 1921. De goed ûnderhâlden en renovearre tsjerke foarmet in prominint bouwurk yn Bussum.

Marijetsjerke of Koepeltsjerke

Sûnt it sluten fan 'e Sint-Fitustsjerke en de Hillich Herttsjerke yn 1982 en de Sint-Joazeftsjerke yn 2018 is de Marijetsjerke de iennige roomske tsjerke fan Bussum.

De krúsweistaasjes binne fan 'e hân fan Mari Andriessen en hongen earder yn de Hillige Herttsjerke oan de Kamerlingh Onneswei, ôfbrutsen yn 1991.

Yn 1923 boude de firma Steinmeyer it oargel yn 'e Klemenstsjerke fan Hilfertsom. Dy tsjerke waard yn 1996 sletten en yn 2011 waard it oargel dêr demontearre en restaurearre en yn 2012 troch Adema wer opboud yn 'e Marijetsjerke. Tagelyk waard it ynstrumint útwreide mei in Bazuin 16′ op it pedaal. It oargel hat 22 registers op twa manualen en pedaal.


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]