Marijetsjerke (Bears)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marijetsjerke
Bears, Marijetsjerke 1.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Leeuwarden wapen 2014.svg Ljouwert
plak Bears wapen.svg Bears
adres Tsjerkepaed 3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw, toer 19e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8470

De Marijetsjerke yn Bears is in tsjerkegebou út de 13e iuw. Eigner fan de tsjerke is de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ier-goatyske tsjerke waard yn de 13e iuw boud en wijd oan de hillige Jongfaam Marije. It fiifsidige koer stamt út de 14e iuw. It hjoeddeiske oansjen krige de tsjerke healwei de 19e iuw, doe't de tsjerke yn de jierren 1858-1859 ommitsele waard, in nij westwurk krige en de âlde midsiuwske sealtektoer ferlear, dy't ferfongen waard troch in nije toer mei in ynsnuorre spits.

Stien boppe portaal
Oargel

De tsjerke rekke yn de jierren 1960 yn ferfal nei't it gebou net mear troch de herfoarme gemeente brûkt waard. Yn 1975 waard it gebou oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, dy't de tsjerke begjin jierren 1980 restaurearje liet. De 19e-iuwske ommitseling fan it skip en it koer waard ferwidere en ferfongen troch in nije ommitseling yn âlde giele en reade bakstien. Oan de noarlike kant waarden ek in pear steunbearen ferwidere.

De súdlike tagong yn it tsjerkeskip is tichset. De noardelijke tagong hat boppe de doar in reliëf fan in monsterkop. Yn it noardlike diel fan it koer bleau in diels tichtset raam mei trasearing bewarre.

Yn de tsjerke is in besikerssintrum fan Uniastate ûnderbrocht.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat foar in protestantske tsjerke in ryk ynterieur. It 18e-iuwske meubilêr bleau hast hielendal bewarre. De preekstoel stiet op it tradisjonele plak yn de dooptún oan de súdlike muorre en besit ryk fykwurk. Se is yn 1759 makke troch Eilardus Swalue út Ljouwert en fersierd mei allegoryske figuren. Op de kânsel leit in bibel út 1660. Ek de lambrisearring en de banken binne 18e iuwsk. De oerkape hearebank foar de preekstoel oer wie foar de famylje fan Aylva. De fersierings der fan binne yn de Frânske tiid fuorthelle. Ek de Aylvawapens oan it oargel en de preekstoel binne doe ferwidere.

By de restauraasje fan de jierren 1980 is de houten flier ferwidere en kamen de sarken wer oan it ljocht. De sark fan sânstien is fan in preestergrêf út 1546. Under de sark fan Meijnsma is in grêfkelder oanwêzich.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1880 troch Van Dam út Ljouwert boud mei gebrûk fan âlder materjaal fan it ynstrumint fan Pyter Sybes de Vries út 1750, dat yn 1786 renovearre en feroare waard troch Mathijs Hansen Hardorff. Ek it front stamt út 1880.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: