Marijebasilyk (Kevelaer)
Marijebasilyk
Marienbasilika | ||
![]() | ||
![]() | ||
De basilyk yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Kevelaer | |
adres | Kapellenplatz | |
koördinaten | 51° 35' N 6° 14' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Münster | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vincenz Statz | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
www.wallfahrt-kevelaer.de | ||
Kaart | ||
De Marijebasilyk (Dútsk: Marienbasilika) is in neogoatysk tsjerkegebou yn it Dútske beafeartsplak Kevelaer. De tsjerke stiet tichteby de barokke Genedekapel op it plak dêr't de keapman Hendrick Busman earder in lyts hillichdom bouwe liet nei't e neffens de tradysje in stim hearde, dy't him hjitte in kapel te bouwen. De Marijebasilyk waard yn de 19e iuw boud en krige yn 1923 de status fan basilyk.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neogoatyske tsjerke waard tusken 1858 en 1864 troch Hilger Hertel de Aldere (1831-1890) boud neffens in ûntwerp fan de arsjtekt Vincenz Statz (1819-1898). De 90 meter hege toer waard yn de jierren 1883-1884 tafoege. Om 1900 hinne folge de kleurrike beskildering fan de it dwersskip en it koer.
Troch de bommenkriich gyngen de oarspronklike glês-yn-leadramen ferlern. Yn 1946 waarden dy ramen ferfongen; in part dêrfan neffens it ûntwerp fan de út Weeze ôfkomstige keunstner Hans Mennekes.
De restauraasje fan de op de Paryske Saint-Chapelle ynspirearre beskildering fan it ynterieur waard yn 1991 ôfsletten. Dêrmei waard ien fan de meast kleurrike tsjerkeynterieuren fan it Rynlân wer yn 'e âlde gloarje werombrocht.
It hjoeddeiske brûnzen portaal fan de tsjerke is makke troch de skilder en byldhouwer Willi Dirx.
Beafeart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1884 joech paus Leo oan pastoar Josef van Ackeren (1830-1903) en syn opfolgers it privileezje om yn syn plak fjouwerris yn 't jier de apostoalyske seine te jaan. Kevelaer is it iennige plak yn it Dútsktalige gebiet dêr't dy seine troch in preester of in biskop op de feestdagen Marije-Besite, Marije-Himelfeart, Marije-Berte en Alderheljen jûn wurdt.
De tsjerke krige yn 1923 de status fan in pauslike basilica minor.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de Mariabasilyk is mei 131 registers it grutste Dútsk-Romantyske oargel fan de wrâld. It bestiet út in haadoargel op de westlike galerij en in op ôfstân bespylber ynstrumint op de galerij fan it noardlike dwersskip. Grutte dielen fan it oargel stamme út it oargel dat yn 1906-1907 troch de oargelbouwer Ernst Seifert boud waard, dat in earder oargel út 1874 ferfong fan Wilhelm Rütter út Kevelaer. Yn 'e rin fan' e tiid waard it oargel feroare en fergrutte.
It haadoargel oerlibbe de oarloch suver sûnder skansearrings, wylst it oargel yn it dwersskip ferneatige waard. Dielen fan de oargelkas waarden lykwols fuort nei de oarloch stellen foar brânhout. Letter folge in privisoaryske restauraasje fan de oargelkas.
As ûnderdiel fan in grutskalige restauraasje yn de jierren 1976-1981 waard de histoaryske oargelkas rekonstruearre en sa ek it tinnen piipwurk fan it oargel dat yn de Earste Wrâldoarloch oan de wapenyndustry ôfjûn wurde moast.
In brân yn 2002 waard de oanlieding om it ynstrumint wer folslein werom te bringen yn 'e histoaryske steat. It yn de Twadde Wrâldoarloch ferneatige oargel yn it dwersskip is ek rekonstruearre, mar sûnder in eigen spyltafel om't in ynstrumint no de funksje fan koeroargel hat.
Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de toer hingje 8 klokken; yn de dakruter boppe de krusing hinget noch in klok.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedysiden, sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Marienbasilika (Kevelaer) en de:Orgeln der Marienbasilika (Kevelaer)
|