Marije-katedraal (Minsk)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Marije-katedraal
Minsk Archcathedral 001 1915.jpg
lokaasje
lân Flag of Belarus.svg Wyt-Ruslân
plak Flag of Minsk, Belarus.png Minsk
adres Frijheidsplein (Plosjtsjad Svoboda)
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1700-1732
boustyl Barok
monumintale status Histvalue sign export.svg Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 712Г000235

De Katedraal fan de Gesegende Namme fan de Hillige Jongfaam Marije (Wyt-Russysk: Архікатэдральны касцёл Імя Найсвяцейшай Панны Марыі) is in barokke katolike katedraal yn de Wyt-Russyske stêd Minsk. De tsjerke is de katedraal fan it aartsbisdom Minsk-Mogilev en as in arsjitektonysk monumint opnommen yn de list fan it nasjonale erfgoed fan de republyk Wyt-Ruslân. De katedraal waard yn de jierren 1700-1710 boud as tsjerke fan it jezuïetenkleaster, dêrom stiet de tsjerke ek bekend as de Jezuïetentsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de jezuïeten yn Minsk begûn yn it midden fan de 17e iuw, doe't de earste jezuïten yn de stêd oankamen. Yn 1683 waard begûn mei de bou fan in kleaster en op 24 oktober 1700 waard de earste stien lein foar de stiennen kleastertsjerke. De bou eine hurd tanksij in soad jeften; it ynterieur waard yn 1708 foltôge en op 16 maart 1710 wijde de biskop fan Vilnius de tsjerke yn. De tsjerke ûndergyng dêrnei noch in rige oan feroarings. Twa kapellen waarden oan wjerskanten fan it preesterkoer tafoege en yn 1732 wiene de twa tuorren oan wjerskanten fan de haadgevel foltôge.

Paus Klemens XIV ferbea ûnder druk fan de sekuliere autoriteiten fan Europeeske lannen yn 1773 de jezuïetenoarder en dêrom waard ek de jezuïetentsjerke fan Minsk in gewoane parochytsjerke. Al gau nei de stifting fan it bisdom Minsk yn 1798 waard de tsjerke as katedraal ornearre. Yn 1797 rekke de katedraal troch in brân slim skeind, mar in renovaasje folge. Mei it opheffen fan it bisdom Minsk yn 1869 waard de katedraal op 'e nij in gewoane parochytsjerke.

Ynterieurôfbyld fan de troch de Dútsers yn 1941 weriepene tsjerke

Yn novimber 1917 waard it bisdom wer hersteld; de Poal Zygmunt Łoziński waard as nije biskop ynwijd. Yn 1920 arrestearren de Sovjet-autoriteiten biskop Łoziński en de katedraal waard foar de earetsjinst sletten. De Dútsers lieten yn de Twadde Wrâldkriich de tsjerke wer iepenje, mar nei de kriich moast de katedraal de doarren wer slute.

Yn 1951 lieten de autoriteiten de twa klokketuorren ôfbrekke en de haadgevel ferbouwe. De eardere tsjerke waard oerdroegen oan de Spartak Sportferiening, dy't de tsjerke oant yn it begjin fan de jierren 1990 brûkte. De tsjerke waard yn 1993 werom jûn oan de Roomsk-Katolike Tsjerke en yn 1997 op 'e nij ynwijd. De restauraasje fan de jierren 1990-2000 brocht de katedraal wer hielendal werom yn it oarspronklike oansjen.

Tichteby de katedraal stiet it yn de jierren 2002-2005 rekonstruearre riedshûs fan Minsk.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal is in trijeskippich gebou sûnder transept. It ynterieur wurdt troch seis pylders yn skippen ferdield. It koer einiget mei in healrûne apsis en oan eltse kant in kapel.

De haadgevel is yn de styl fan de Vilnius-barok en hat oan wjerskanten tuorren, dy't mei krusen bekroand wurde. Boppe de portikus is boppe de kroanlist fan de porticus in balkon mei in balustrade. De gevel wurdt boppe ôfsletten fan in trijehoekich fronton.

De fresko's fan it ynterieur wiene yn de Sovjet-tiid oerkalke, mar binne wer foar it ljocht helle en restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Пресвятого Имени Пресвятой Девы Марии (Минск)