Springe nei ynhâld

Marienfels

Ut Wikipedy
Marienfels
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
kring Rhein-Lahn-Kreis
Sifers
Ynwennertal 313 (31.12.2021)
Oerflak 3,84 km²
Befolkingsticht. 82 ynw./km²
Hichte 210 m.
Oar
Koördinaten 50° 14' N 7° 48' E
Lokaasje Marienfels (read) yn de ferbânsgemeente Nastätten (roze) yn de Rhein-Lahn-Kreis (griis)
Lokaasje Marienfels (read) yn de ferbânsgemeente Nastätten (roze) yn de Rhein-Lahn-Kreis (griis)
Offisjele webside
www.marienfels.de

Marienfels is in plak yn de Rhein-Lahn-Kreis yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It doarp leit oan de Limes, de eardere grins fan it Romeinske Ryk. Ea hat yn Marienfels in romeinsk kastiel mei thermen stien. Marienfels is ûnderdiel fan de ferbânsgemeente Nastätten.

Fort Marienfels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fort Marienfels wie in romeinsk grinskastiel fan de Opper-Germaanske-Raetyske limes, dy't sûnt 2005 de status fan UNESCO-wrâlderfgoed hat. Tsjintwurdich is it in argeologysk monumint yn it doarp, dat foar it meast beboud is. It kastiel lei op sa'n oardel kilometer súdlik fan de grins.

Protestantske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere katolike en tsjintwurdige protestantske doarpstsjerke stiet op in rots oan de Mühlbach. Yn de tsjerke wurdt in byld bewarre, dat like âld is as de tsjerke. It 12e-iuwske byld fan Marije is oarspronklik ôfkomstich fan in retabel. Bysûnder is dat hja yn de rjochter hân in paddestoel hâldt, dêrom wurdt it byld ek 'Maria mit dem Pilz' neamd. Yn de tiid fan de reformaasje ferdwûn it genedebyld út de tsjerke om it foar ferneatiging te behoedzjen. Sûnt 1910 stiet it wer yn de tsjerke.[1]

Bysûnder is ek de rige barokke skilderijen oan de galerijen oer it libben fan Jezus. De skilderijen binne tusken 1739 en 1754 makke troch Johann Trübenbach († 1781) út Ebertsheim (Palts), in broer fan de eartiidske dûmny fan it doarp Johann Peter Trübenbach. De skilder wie de pake fan de yn Dútslân bekendere skilders Johann Adam Schlesinger (1759–1829) und Johann Schlesinger (1768–1840).

Tusken 1971 en 2004 stie yn Marienfels in monumint foar it I SS Pantserkorps 'Leibstandarte', dêr't yn 2003 neonazy's hinne pylgeren. It waard yn 2004 troch immen fernield en helle yn 2006 op 'e nij de krante doe't de yn Dútslân bekende neonazy Thorsten Heise is monumint op in eigen stik grûn yn Fretterrode (Thüringen) wer opbouwe woe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Marienfels