Marienbaum
Marienbaum | |
---|---|
Marije-Himelfearttsjerke | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Wesel |
Sifers | |
Ynwennertal | 1941 (1996) |
Oerflak | 16,26 km² |
Befolkingstichtens | 119 ynw./km² |
Hichte | 20 m boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51° 41' N 6° 22' E |
Webside | Side Marienbaum |
Marienbaum is in beafeartsplak yn de gemeente Xanten, Dútslân. Marienbaum leit likernôch sân kilometer noardwestlik fan de stêd Xanten oan de wei nei Kalkar en hat ûngefear 2.000 ynwenners. It plak is ien fan de âldste beafeartsplakken yn it Nederryn-gebiet en alle jierren bringe noch altiten likernôch 15.000 pylgers in besite oan de tsjerke, dêr't it mirakuleuze Marije-byld stiet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is bekend dat al sûnt de 11e iuw der bewenning west hat op it plak fan it hjoeddeiske Marienbaum. Yn dy tiid waard troch de buorskippen yn de omkriten in tsjerke stifte yn it hjoeddeiske stedsdiel Vynen. Ek Marienbaum (doe bekend as Broechem) wurke mei oan de bou fan dy tsjerke. Yn 1419 waard yn Broechem it "Hûs Balken" boud.
Yn de 15e iuw wurdt it plak in beafeartssintrum, nei't in sike skieppehoeder yn de kroan fan in trepfoarmige ikebeam in byld fan de Jongfaam Marije fûn en dêrnei better waard. Op it plak, dy't de namme "An gen Trappenboom" krige, waard in jier of wat letter in kapel boud. Yn 1460 stifte Marije fan Boergonje dêr in dûbelkleaster neffens de oarder fan Birgitta fan Sweden. De kapel waard tusken 1712 en 1714 ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske Marije-Himelfeartstsjerke. It kleaster waard mei de ynfiering fan de sekularisaasje yn 1802 ôfbrutsen, mar de tsjerke bleau stean en tsjinne tenei as parochytsjerke. Yn dy tiid hie Marienbaum by in folkstelling 365 ynwenners.
By bombardeminten op 27 en 28 febrewaris 1945 gyng 40% fan de bebouwing fan Marienbaum ferlern.
Sûnt 1 july 1969 waard Marienbaum by de stêd Xanten yndield.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op in blauwe eftergrûn stiet in wite ikebeam mei trije fertakkings mei 8, 7, 8 blêden en trije woartels. Oan wjerskanten fan de stamme fan de beam binne gouden leeljes oanbrocht. It wapen waard op 24 april troch de regierungspräsident fan Düsseldorf goedkard.
De leeljes symbolisearje Marije (Marien) en iik de beam (baum). De leeljes ferwize ek nei it hartochdom Kleef.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Marienbaum
|