Mariahilfkirche (Graz)
Marijehelptsjerke
Mariahilfkirche | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
plak | Graz | |
adres | Mariahilferpl. 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke mei oangrinzgjend kleaster | |
boujier | 1607-1611 | |
arsjitekt | Giovanni Pietro de Pomis | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 56899 | |
offisjele webside | ||
Side parochy |
De Mariahilfkirche yn de Eastenrykske stêd Graz is in beafearts- en parochytsjerke. Oan de tsjerke grinzget in minderbruorrekleaster.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt de 13e iuw wenje Fransiskanen yn de stêd op it plak fan it hjoeddeiske Fransiskaanske kleaster oan it Franziskanerplatz. Nei't der yn de oarder yn 1517 in skieding ûnstie tusken observanten en konventuelen (tsjintwurdich minoriten neamd), waard it kleaster tawiisd oan de observanten. De minoriten moasten harren earst mar wat provisoarysk rêde, mar krigen skinkingen fan de foarsten fan Eggenberg en keizer Ferdinand II en koene sadwaande harren oan it tsjintwurdige Mariahilfer Platz nei wenjen sette.
De neffens it ûntwerp fan Giovanni Pietro de Pomis boude tsjerke waard tusken 1607 en 1611 yn barokke styl boud. By de ferbouwing fan Josef Hueber waarden fan 1742 oant 1744 de twa tuorren tafoege. Sûnt 1783 tsjinnet de tsjerke ek as parochytsjerke.
Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boppe de gevel stiet it barokke byld fan de aartsingel Michael, dy't Lusifer de hel ynstoart. De portaalbylden stelle de oarderstifter Fransiskus fan Assisi en Antonius fan Padua foar. Boppe it portaal is in byld fan Marije oanbrocht.
It ynterieur fan de barokke tsjerke is relatyf ienfâldich. In grutte koepel boppe it preesterkoer en de stúkdekoraasje út 1769 waarden weibrutsen. Ek de letter oanbrochte fresko's fan Josef Adam Mölk bleaune net bewarre. It ôfbyld fan de Jongfaam oan it rike heechalter foarmet ien fan de bêste skilderwurken fan Pietro de Pomis.
De yn de jierren 1636-1637 boude sakristy is ryk fersierd mei stúkdekoraasjes. By de sakristy stiet ek mei stúkwurk fersierde Bonaventurakapel út 1635-1640 en in heechbarok alter fan moarmer.
Oan de súdlike kant fan de tsjerke is de kleastergong fan it kleaster mei de skatkeamer, dêr't eartiids de votyfjeften fan de beafeart bewarre waarden, mar dêr't neat fan oer is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|