Springe nei ynhâld

Mari Possa

Ut Wikipedy
Mari Possa
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mirna Granados
nasjonaliteit Salvadoraansk
Amerikaansk
berne 21 jannewaris 1980
berteplak San Miguel (El Salvador)
etnisiteit Salvadoraansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20032009 & 2012 – no
offisjele webside
www.mari-possa.com

Mari Possa, echte namme: Mirna Granados (21 jannewaris 1980), is in Salvadoraansk-Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en realitytillefyzjepersoanlikheid fan etnysk Salvadoraansk komôf. Har artyste namme is in wurdspiling op it Spaanske wurd foar "flinter": mariposa. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 45 kg en kupmaat 34C.

Possa waard berne yn San Miguel, yn it Middenamerikaanske lân El Salvador, dêr't se ek har bernejierren trochbrocht. Yn 1989, doe't se njoggen jier wie, emigrearre se mei har heit en mem nei de Feriene Steaten. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, wurke se as siktaresse op in abbekatekantoar. Hja rekke by de pornoyndustry belutsen doe't se in baan fûn as de assistinte fan pornoakteur, -regisseur en -produsint Seymore Butts, en doe't se letter de freondinne fan dyselde waard. Yn dy hoedanichheid wie se te sjen yn 'e realitysearje oer Butts en syn famylje, Family Business (dy't ek yn Nederlân útstjoerd is). Ien hiele ôflevering wie wijd oan har beslút om sels pornoaktrise te wurden en Butts syn al of net yn sêne sette besykjen om har dat te ûntpraten.

Yn elts gefal makke Possa yn 2003, doe't se 23 jier wie, har debút yn in pornografyske film (produsearre troch Butts). Se sleat in kontrakt ôf mei Seymore Butts Home Movies en Adam & Eve, en wurke dêrnjonken ek foar studio's as Zero Tolerance en Pure Play Media. Oant se har yn 2009 út 'e pornoyndustry weromloek om in oplieding ta programmamakster te folgjen, spile se yn likernôch 35 films. Yn 2012 makke se in comeback as freelance-aktrise foar solo- en lesbyske sênes. Yn totaal hat se neffens har side yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) yn 58 pornofilms spile. Dêrfoar hat se fiifris in nominaasje foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept. Hja stie fierders op 'e omslach fan it opsjochjaande boek Dirty Talk: Conversations with Porn Stars, fan Andrew J. Rausch en Chris Watson.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2005 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Aria, Cytherea, Flower Tucci en Julian) Anal Surprise Party
2006 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Flower Tucci, Samantha Ryan en Selena Silver) War of the Girls
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Barbara Summer en Herschel Savage) House of Ass
2007 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Amber Peach, Samantha Ryan, Kurt Lockwood en Herschel Savage) Butt Pirates of the Caribbean
2009 AVN Award nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Jenna Haze en Tom Byron) Seymore Butts: Jenna 9.5
2013 Xbiz Award nominearre comeback fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.