Margrethe II fan Denemark
Margrethe II fan Denemark | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
Margrethe II (2012) | ||
echte namme | Margrethe Alexandrine Þórhildur Ingrid | |
bertedatum | 16 april 1940 | |
berteplak | Kopenhagen-Amalienborg | |
dynasty | Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg | |
Keninginne fan it Keninkryk Denemark | ||
amtsperioade | 1972-2024 | |
foargonger | Frederik IX | |
opfolger | Frederik X fan Denemark | |
offisjele webside | ||
Side fan it Deenske keningshûs |
Margrethe Alexandrine Þórhildur Ingrid (berne yn Kopenhagen op 16 april 1940) wie fan 14 jannewaris 1972 oant 14 jannewaris 2024 keninginne fan Denemark. Hja wie de fyfte foarst út it Hûs Sleeswyk-Holstein-Sonderburg-Glücksburg, dat sûnt 1863 oer it lân regearret. Margrethe II folge har heit Frederik IX fan Denemark op.
Hja is ien fan 'e peetâlden fan kening Willem-Aleksander. De kening fan it buorlân Sweden, Carl XVI Gustaf, is in folle neef fan Margrethe.
Nei it ferstjerren fan keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk waard hja oant har abdikaasje op 14 jannewaris de langst regearjende monarch fan 'e wrâld.
Op 14 jannewaris 2024 folge har soan har as Frederik X fan Denemark op as kening fan Denemark.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 16 april 1940 waard yn 'e Amalienborg yn Kopenhagen Margrethe berne as it earste bern fan kroanprins Frederik en kroanprinsesse Ingrid. De berte wie in wike nei de Dútske ynfal yn Denemark en hja waard op 14 maaie 1940 doopt yn 'e Holmenstsjerke yn Kopenhagen. Hja waard ferneamd nei har beppe Margaretha en erve fan deselde beppe ek har bynamme Daisy. De namme Alexandrine kaam fan har beppe Alexandrine Augusta fan Mecklenburg-Schwerin en Ingrid fan har mem. De Iislânske namme "Þórhildur" (Thorhildur, fan Thor + hildur [striid]) waard keazen om't har pake doe ek kening fan Iislân wie.
Margrethe woeks yn har jonge jierren op ûnder de Dútske besetting. Hja krige letter noch twa susters: Benedikte (1944), dy't troude mei prins Richard zu Sayn-Wittgenstein-Berleburg, en Anne Marie (1946), dy't troude mei eks-kening Konstantyn II fan Grikelân.
Kroanprinsesse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op basis fan 'e Salyske Wet wie Margrethe gjin kroanprinsesse om't dy gjin froulike erfopfolging tastie. De wetlike troanopfolger wie har omke, erfprins Knud fan Denemark. By it Deenske referindum foar in grûnwetsoanpassing yn 1953 waard de Salyske Wet ôfskaft en Margrethe offisjeel troanopfolger. Sunt har 18e jier krige hja in sit yn 'e Deenske Ried fan Steat.
Margrethe studearre yn 1960 en 1961 prehistoaryske argeology oan it Girton College fan 'e Universiteit fan Cambridge. Yn it dêropfolgjende stúdzjejier studearre hja politikology oan 'e Universiteit fan Aarhus. Yn 1863 studearre hja oan 'e Universiteit fan Parys en yn 1965 oan 'e London School of Economics. Hja helle gjin akademyske graad.
Op 10 juny 1967 troude Margrethe yn 'e Holmenstsjerke mei Henri de Laborde de Monpezat, in Frânske diplomaat. Hast in jier letter waard op 26 maaie 1968 harren soan Frederik berne. Neffens de tradysje wurdt de manlike troanopfolger altiten Frederik of Christian neamd. In jier letter waard op 7 juny 1969 harren twadde soan Joachim berne.
Keninginne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hielendal oan it begjin fan 1972 waard kening Frederik IX siik en hy ferstoar op 14 jannewaris. Op 15 jannewaris 1972 waard hja troch premier Jens Otto Krag ta keninginne útroppen fan it balkon fan paleis Christiansborg ôf. In kroaning fan 'e nije foarst is net neffens de Deenske tradysje.
Keninginne Margrethe is yn feite de earste keninginne fan Denemark mei dy namme. Margrete I, dy't fan 1376 oant 1412 oer it lân hearske, hie net de titel 'Keninginne fan Denemark' en keas yn it plak dêrfan foar represintative frou en echtgenoate; hja neamde harsels Margrete by de graasje Gods, dochter fan 'e Denekening Valdemar en wie regintesse foar har soan Olaf, mar as frou fan Haakon VI fan Noarwegen mocht hja har wol keninginne fan Noarwegen neame.
Margrethe II is dus de earste regearjende keninginne fan Denemark. De froulike opfolging wie sûnt 1665 mooglik, mar waard yn 1853 ôfskaft en waard mei de grûnwetswiziging fan 1953 op 'e nij ynfierd.
Margrethe's opfolging fûn yn in rûzige tiid plak. Sa paste de erflike monargy net goed by de demokratyske sfear dy't ûntstie yn 'e tiid fan 'e studinteopstannen fan 1968. Foar it earst sûnt 1920 hie de monarchy te lijen fan ôfnimmende populêrens en út in Gallup-peiling die bliken dat noch mar de helte foar de monargy en de oare helte tsjin de monargy wie. De republikeinske opwâling wie lykwols mar in oerflakkige sjippebûl yn in sitewaasje weryn't de befolking mear belutsen wie by it debat oer de fraach of Denemark lid wurde moast fan 'e Europeeske Ekonomyske Mienskip. Dêrnjonken soarge de oaljekrisis fan 1973 derfoar dat polityk-ekonomyske kwestjes al it omtinken fregen.
De keninginne waard widdo doe't har man prins Henrik op 13 febrewaris 2018 yn 'e âldens fan 83 jier ferstoar.
Op 14 jannewaris 2022 fierde Margrethe har gouden jubileum as keninginne. Fanwegen it ferstjerren fan keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk waarden de jubileumsfeesten minder feestlik as pland. In peiling wiisde dat jier út dat mear as 75% fan 'e Deenske befolking de monargy stipe, en dat betsjutte dat ûnder Margrethe II de monargy oan populêrens wûn hat.[1]
Op 28 septimber 2022 naam Margrethe it beslút dat de fjouwer bern fan har jongste soan Joachim op 1 jannewaris 2023 de titel fan prins(es) kwytrekken. Hja binne langer gjin lid fan it Deenske Keninklik Hûs en meie har sûnt allinne noch greef of grevinne neame. Prins Joachim wie djip rekke troch it beslút fan syn mem en Margrethe sei neitiid dat hja as mem en beppe de gefolgen foar har famylje ûnderskat hie, mar dat it needsaaklik wie dat de monargy mei de tiid mei gean moat.[2]
Abdikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Margrethe II fan Denemark makke yn har âldjierstaspraak op 31 desimber 2023 bekend dat hja as op 14 jannewaris as keninginne fan Denemark ôftrede soe.[3] Op 14 jannewaris 2024 siet hja op 'e kop ôf 52 jier op 'e troan. It wie de earste kear yn 900 jier dat in foarst yn Denemark ôfstân fan 'e troan die. Har soan Frederik folge har op as kening fan Denemark, wylst syn frou Mary keninginne waard fan it lân.[4]
Taak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de grûnwet fan it Keninkryk Denemark is it lân in konstitúsjonele monargy, itjinge bestjut dat de monarch it steatshaad is yn in lân mei in demokratysk keazen regear. De macht fan de monarch wurdt yn 'e grûnwet regele.
Lykas oant 2012 yn Nederlân fynt nei de parlemintsferkiezings de Dronningsrunde plak, wêrby't de lieders fan 'e partijen op besite geane by de foarst. De foarstinne beneamd in ynformateur en hja beneamd de ministers.
As keninginne is Margrethe foarsitter fan 'e Statsrådet (Ried fan Steate).
Karakter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn har dwaan en litten is Margrethe II in opfallende persoanlikheid en in keninginne dy't ûnder alle omstannichheden harsels bliuwt. It levere har de titel 'coolste keninginne fan 'e wrâld' op. Sels sei hja: ik bin lang net perfekt, mar tenminsten gjin hypokryt.[5]
Smoken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekend is dat Margrethe II as in skoarstien smookt en har giele tosken binne dêr it resultaat fan. It makket har neat út wat oaren dêrfan tinke en hja stekt in sigaret op as hja dêr nocht oan hat. Dus ek by parsekonferinsjes of offisjele foarstellings en besites. Doe't hja krityk krige by it jierlikse fotomomint yn 'e paleistún om't hja yn it bywêzen fan har beppesizzers smookte andere hja: dit is myn tún, as se der lêst fan ha geane se mar in stap oan 'e kant. Ek fanwegen har smokerij krige Margrethe in bynamme, nammentlik keninginne Jiskebak. Op fragen oer har smoken andere de keninginne:
- Hoe't ik mei myn smookprobleem omgean? Ik ha gjin probleem!
- Ik ben gjin rolmodel, foar net ien.
- As der in jiskebak is, dan smook ik. [6]
Bûnt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In oare wenst dy't aktivisten altiten wer argewaasje jout is it dragen fan bûnt troch Margrethe. Alle kearen as Margrethe yn it iepenbier bûnt draacht binne der in soad Denen dy't dêr krityk op jouwe.[7]
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in fraachpetear mei Politiken yn it ramt fan har 80e jierdei dat op 11 april 2020 publisearre waard, soarge de keninginne foar in debat yn it lân om't hja de skuld fan 'e feroaring fan it klimaat net ûndûbelsinnich by de minsken lizze woe. De keninginne sei dat it klimaat altiten al feroaret en dat it net wis wie dat de feroaring fan it klimaat en de opwaarming fan 'e wrâld troch minsken yn gong set is:
Dat minsken in rol spylje yn 'e feroaring fan it klimaat, dêr bestiet nei alle gedachten gjin twivel oer. Mar of minsken dêr de direkte oarsaak fan binne, dêr bin ik net fuortendaliks fan oertsjûge. Dus ik wol wol leauwe dat it klimaat feroaret, en it kin sa wêze dat aktiviteiten fan minsken dêryn in rol spylje.
It is wis en wrachtjes belangryk om jin dêrfan bewust te wêzen. Mar dochs... panyk is in hiele minne manier om mei swierrichheden om te gean. Dat wurket net..
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: da:Margrethe 2..
|