Springe nei ynhâld

Manohla Dargis

Ut Wikipedy
Manohla Dargis
persoanlike bysûnderheden
echte namme Manohla June Dargis
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1965
berteplak New York (New York)
wurkpaad
berop/amt filmkritika, publisiste
jierren aktyf 1988 – no
offisjele webside
Manohla Dargis op Twitter

Manohla Dargis (útspr.: [məˈnoʊlə ˈdɑːɹɡɪs], likernôch: "muh-noo-luh daar-gis"; folút: Manohla June Dargis; New York, ±1965) is in Amerikaansk sjoernaliste, filmkritika en publisiste. Hja is ien fan 'e wichtichste filmkritisy fan 'e foaroansteande krante The New York Times. Dargis hat fiif kear nominearre west foar de Pulitzerpriis foar Krityk.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dargis waard mids 1960-er jierren berne yn New York, dêr't se opgroeide yn 'e wyk East Village yn 'e borough Manhattan. Yn har jonkheid wie se allegeduerigen te finen yn St. Mark's Cinema and Theater. Se folge fuortset ûnderwiis oan 'e Hunter College High School en learde neitiid fierder oan 'e Steatsuniversiteit fan New York te Purchase, dêr't se yn jannewaris 1985 ôfstudearre mei in bachelorgraad yn letterkunde. Yn 1988 behelle Dargis in mastergraad yn filmstúdzjes oan 'e Skoalle foar Keunsten en Wittenskippen fan 'e Universiteit fan New York.

Dargis begûn har karriêre as filmkritika foar de krante The Village Voice, dêr't se twa kollumns hie oer avant-gardesinema, mei as titels CounterCurrents en Shock Corridor. Letter wie se de haadfilmkritikus fan 'e Los Angeles Times, foar't se yn 'e twadde helte fan 'e 2000-er jierren yn 'e mande mei har kollega A.O. Scott haadfilmkritikus by The New York Times waard. De resinsjes fan Dargis binne opnommen yn ferskate boeken, wêrûnder Women and Film: A Sight and Sound Reader en American Movie Critics: An Anthology from the Silents Until Now, útjûn troch de Library of America.

Dargis skreau ek in essay oer de film L.A. Confidential fan regisseur Curtis Hanson foar it Britsk Filmynstitút (BFI). Fierders tsjinne se ferskate jierren as foarsitter fan 'e Los Angeles Film Critics Association (LAFCA). Yn 2012 waard oan Dargis de Nelson A. Rockefeller Award takend troch it Purchase Kolleezje, in ûnderskieding foar lju dy't tige by tige bydroegen hawwe oan 'e ûntjouwing fan 'e skiene keunsten. Se wie ek fiif kear finaliste foar de Pulitzerpriis foar Krityk, te witten yn 2013, 2015, 2016, 2018 en 2019.

Yn 1994 troude Dargis mei wynkenner Lou Amdur. Hja wenje yn Los Angeles.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.