Springe nei ynhâld

Manfred de Graaf

Ut Wikipedy
Manfred de Graaf
akteur
Manfred de Graaf yn 1987
Manfred de Graaf yn 1987
persoanlike bysûnderheden
echte namme Manfred Marcel Derman
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 jannewaris 1939
berteplak Amsterdam
stoarn 27 novimber 2018
stjerplak Warmond
jierren aktyf 1954-2004
offisjele webside
(in) IMDb-profyl Manfred de Graaf
Manfred de Graaf en Cocki Boonstra yn de tf-ienakter Muizen, 1967

Manfred Marcel de Graaf, sûnt 2003 Manfred Marcel Derman (Amsterdam, 8 jannewaris 1939 - Warmond, 27 novimber 2018[1]) wie in Nederlânsk akteur.

Manfred de Graaf makke yn 1954 doe't er 15 jier wie syn toanieldebút by it Rotterdamsk Toaniel yn De merkwaardige meneer Pennypacker fan Liam O'Brien. Om 1960 hinne stapte er oer nei de Haagse Comedie, dêr't er oant 1974 by spylje soe. Dêrneist en dêrnei wie er te sjen yn spylfilms en telefyzjerigen. De Graaf waard yn de jierren tachtich foaral bekend as dokter Hans Lansberg yn de VARA-telefyzjesearje Zeg 'ns Aaa (njonken û.o. Sjoukje Hooymaayer en Carry Tefsen), dy't fan 1981 oant 1993 rûn. Hy die yn 2003-2004 ek mei oan de toernee troch Nederlân fan de teäterferzje fan Zeg 'ns Aaa.

De Graaf wie ek direkteur fan de kommersjele telefyzje-omrop Tele8 yn Twinte en late om 1990 it ta stân kommen fan de Rijswijkske Skouboarch.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 jannewaris 2003 waard by Keninklik beslút syn achternamme feroare yn Derman, de achternamme fan syn yn 1943 troch de nazy's fermoarde heit, in Roemeensk diplomaat.[2]

Unfolslein:

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedy, Manfred de Graaf