Springe nei ynhâld

Managûa

Ut Wikipedy
Managûa
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nikaragua
Departemint Nikaragûa
Gemeente Nikaragûa
Sifers
Ynwennertal 1.028.808 (2012)
Oerflak 173,7 km² (ynkl. wetter)
km² (allinnich lân)
Befolkingstichtens 3511,2 / km²
Stêdekloft 2.408.000 (2009)
Hichte 59 m
Oar
Stifting 1819, haadstêd 1852
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Webside Managua.gob.ni Webstee fan Managûa
Managûa yn Nikaragûa

Managûa (Leal Villa de Santiago de Managua) is de haadstêd fan it Midden-Amerikaanske lân Nikaragûa. De stêd leit op de súdigge fan de Mar fan Managûa.

Managûa hat de Sintraal-Amerikaanske Universiteit (Universidad Centroamericana), mei it dêroan ferbûne Ynstitút foar de Skiednis fan Nikaragûa en Sintraal-Amearika (Instituto de Historia de Nicaragua y Centroamérica).

Op it plak fan Managûa lei oarspronklik in Yndiaanske delsetting, Managuac. Yn 1819 waard dêr de stêd Managûa stichte ûnder de offisjele namme 'Leal Villa de Santiago de Managua'. Yn 1852 krige de stêd de status fan haadstêd, dat de oplossing wie fan de kompetysje tusken de stêden Granada en León.

De stêd leit yn in gebiet dat gefoelich is foar ierdskoddings (de lêste gruuten wiene yn 1932 en 1972), orkanen en oerstreamingsis. Bygelyks waard de stêd yn 1998 rekke troch de orkaan Mitch.

De namme Managûa komt fan Mana-ahuac, dat yn it Nahuatl 'grinzjend oan wetter' betsjut.[1] Managûa leit oan in grut mar en yn de stêd sels lizze ek noch fjouwer lytsere marren.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Managua is ferdield yn sân distrikten (Spaansk: distritos): distrikt I, II, III, IV, V, VI en VII. Tusken 2000 en 2009 wiene der fiif distrikten, distrikt I en VII wiene der doe net. Dy twa lêsten binne yn 2009 foarme út de oare distrikten.[2] Dêrfoar wie der ek sân, mar op 1 jannewaris 2000 waard it âlde distrikt I ta de gemeente Ciudad Sandino en it âlde distrikt VII waard de gemeente El Crucero. De distrikten besteane fierders út 596 stedsbuerten en 15 plattelânsdielen.[3]

De sân distrikten fan Managûa

Berne yn Managûa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (sp) La Prensa - Managua
  2. (sp) La Prensa - Distrito Uno de Managua “invisible”
  3. (sp) Instituto Nicaragüense de Fomento Municipal