De Magrebsliepmûs (Latynske namme: Eliomys munbyanus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys), dat foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1856. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e bekendere ikelmûs (Eliomys quercinus).
De Magrebsliepmûs is in nachtdier dat, sa't de namme al seit, foarkomt yn 'e Magreb. It ferspriedingsgebiet fan 'e Magrebsliepmûs omfiemet hast hiele Marokko, noardlik en noardwestlik Algerije, it noardlike twatrêde diel fan Tuneezje en yn Lybje de kustline fan Tripolitaanje. Dêrnjonken besteane der noch twa isolearre populaasjes yn 'e Sahara, ien yn Lybje, yn 'e eastlike Fezzan, en de oare yn Mauretaanje en de Westlike Sahara, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan. It natuerlike biotoop fan 'e Magrebsliepmûs rint útinoar fan fochtich wâldlân oant healwoastinen.