Mae Busch

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Mae Busch
Filmklapper.png akteur
Mae Busch yn 1924
Mae Busch yn 1924
persoanlike bysûnderheden
echte namme Annie May Busch
nasjonaliteit Flag of Australia (converted).svg Australysk
berne 18 juny 1891
berteplak Melbourne
stoarn 20 april 1946 (54 jier)
stjerplak San Fernando Valley (Kalifornje)
jierren aktyf 1912-1946
offisjele webside
(in) IMDb-profyl Busch

Mae Busch (Melbourne (Australië, 18 juny 1891 - San Fernando Valley (Kalifornje), 19 april 1946) wie in Australysk aktrise.

Busch wie in dochter fan de populêre Australyske vaudeville-artysten Elizabeth Maria Lay en Frederick William Busch. Sy begûn har karriêre ek yn de vaudeville. Har filmdebút wie yn 1912. Busch' filmkarriêre gie yn 't earstoan wat stadich. Pas nei de tweintiger jierren krige se haadrollen yn films. De yn 1922 ferskynde stomme film Foolish Wives fan en mei Erich von Stroheim makke har ek ynternasjonaal bekend. Op it hichtepunt fan har karriêre waard Busch as versatile vamp oantsjut. Har meast memorabele optredens binne dy yn de Laurel en Hardy-films; mei dat duo makke se 13 films.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Busch troude trije kear: mei akteur Francis McDonald (1915–1922); mei John Earl Cassell (1926–1929); mei yngenieur Thomas C. Tate (1936–har dea).

Ein 1945 waard Busch slim siik. Nei fiif moannen stoar se oan de gefolgen fan Grutte Termkanker. Oant har dea spile se yn films.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar út sa'n 130 films:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]