Machiel Braaksma
Machiel Braaksma (Bartlehiem, 21 jannewaris 1959) is in keunstner út Marrum.
Braaksma folge fan 1979 - 1984 in oplieding oan de eardere Keunstakademy CABK yn Kampen en yn 1984 studearre er oan de Accademia di Belle Arti di Brera, Milaan. Nei syn stúdzje wie er warber yn Nederlân en yn it bûtenlân. Hy hat meidien oan ústallingen yn Berlyn (Galery Edition), Düsseldorf (Art Multiple) en Frankfurt (ART). It Frysk Museum hat ek wurk fan him oankocht.
Braaksma syn wurk doch wol wat tinken oan dat fan de eardere dadaïstyske keunstners. Braaksma brûkt sljochtweihinne foarwurpen fan allerhande materialen, kombineart se, monteart se en makket sa in nei byld, skept nije sitewaasjes.
Neist syn wurk as keunstner jout Machiel Braaksma ek les op basisskoallen en skriuwt er boeken. Syn earste boek wie Overal zijn Beesten en hat mear as ien ynternasjonale ûnderskieding krige. [1]
Machiel Braaksma wurket en wennet yn 'e direkteurswente fan it eardere molkfabryk fan Marrum, tegearre mei keunstner Lolkje van der Kooi.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |