Maas van der Feen
Maas van der Feen | ||
sporter | ||
Maas van der Feen yn 1918 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 1 febrewaris 1888 | |
berteplak | Drachten | |
stjerdatum | 10 maart 1973 (85 jier) | |
stjerplak | De Haach | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Tennis | |
O.S. | Parys 1924 |
Marius (Maas) van der Feen (Drachten, 1 febrewaris 1888 – De Haach, 10 maart 1973) wie in Frysk tennisser.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maas van der Feen wie in soan fan Jan Alberthus van der Feen en Alida Harmina Attema. [1].
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Feen sette útein mei tennisjen doe't er 15 jier wie. Hy waard fiif kear Nederlânsk kampioen. Yn 1913, 1914, 1918 en 1924 wie er kampioen yn it inkeldspul. Yn 1913 wûn er ek it manlju dûbeldspul. Hy die mei oan de Olympyske Simmerspullen fan 1924 yn Parys, wêrop 't er yn it inkeldspul yn de twadde ronde útskeakele waard troch de Yndiër Mohammed Sleem. Yn it dûbeldspul kaam er tegearre mei Gerard Leembruggen net fierder as de earste omgong.
Yn 1925 en 1926 naam Van der Feen diel oan it tennistoernoai [[Wimbledon (tennistoer noai)|Wimbledon]]. Syn karriêre rûn fan sawat 1910 oant yn de jierren tritich, dêrnei wie er as feteraan noch op heech nivo aktyf. Hy wie ek bestjoerslid fan de Nederlandse Lawn Tennis Bond. Fanwegen syn fertsjinsten waard er by syn ôftreden yn 1931 beneamd ta earelid.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy hat twa kear troud west. Syn earste frou wie Rimelia Wilhelmina Karsten, 27 jier, út Ljouwert. Harren houlik waard registrearre op 30 maaie 1918 yn De Haach. Yn 1919 waard in dochter, Talka Frederica, berne en yn 1924 in soan, Jan Alberthus Eylard. Yn 1929 ferstoar syn frou, doe 38 jier, yn de Switserske gemeente Kandersteg. [2] juny 1933 troude er yn Wassenaar mei Nellie Antonia Gironima de Vries.[3].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|