Maas-Ryn-Isel

Ut Wikipedy
MRI fokbolle

Maar-Ryn-Isel is in Nederlânsk koweras.

De ûntwikkeling fan it Maas-Ryn-Iselfee is úteinset yn de omkriten tusken de Maas, Ryn en Isel. Dêr komt de namme dus wei. Troch middels selektive fokkerij waard dit ras ûntwikkele út Münster kij sûnt de twadde helte fan de 19e iuw.

Dit ras is in dûbeltdoel ras, dy't gaadlik binne foar molke- en fleisproduksje. Der binne op dit stuit sa'n 35.000 MRI kij yn Nederlân. It ras is erkind sûnt 1905.

Sûnt 1970 is it tal kij fan dit ras hurd ôfnommen. It tanimmende gebrûk fan de Holstein-Friesian en it ynfieren fan it molkkwotum, wêrtroch molkeproduksje wichtiger waard yn de molkfeehâlderij. It tal liters is minder as in Holstien-Friesian, mar gehaltes lykas it aaiwyt binne by de MRI heger. In goed aaiwyt gehalte yn malke is mear wurdich.

De ôfrûne jierren seagen in stadige weromkomst fan dit ras. Dit ras hat goede skaaimerken lykas fruchtberens, fuotten en libbensdjoer.