Maaieklokje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Convallaria-oliv-r2.jpg
Convallaria majalis - Köhler–s Medizinal-Pflanzen-045.jpg

It maaieblomke (Convallaria majalis) is in oant 30 sm hege fêste plant dy't yn it wyld foarkomt yn boskrike streken, mar ek as túnplant hâlden wurdt. Yn de grûn sit in krûpende woartelstôk. In pear blêden steane oan de foet fan de bloeistâle. It maaieblomke is giftich trochdat it bepaalde glykosiden befettet.[1]

Kenmerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blêden binne breed-elliptysk, stâle en ûnbehierre. Se steane yn twatallen by elkoar. Under oan de plant sit in skie fan papiereftige blêden.

De blom is wyt, klokfoarmich en hat in oangename rook. De blommen wurde ± 8 mm lang. Der bestiet ek in cultivar mei rôze blommen. Der foarmet him in nei ien kant kearde trosse fan 6 - 12 blommen. Dizze bloeit yn de moannen maaie en juny. De soartoantsjutting majalis betsjut 'fan de moanne maaie'.

De frucht fan it maaieblomke is in reade bei dy't twa blauwe siedden befet.

Tapassingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blommen en woartels wurde troch de farmaseutyske yndustry ferwurke, omdat dizze de hertwurking beynfloedzje kinne. Yn âlde geskriften út de 16e iuw is te lêzen dat dizze kennis doe al bekend wie. Ek waarden de drûge blommen taheakke oan snúftabak.

Ut de blommen kin gjin etearyske oalje wûn wurde. Omdat de rook tige populêr is yn de parfumery en de kosmetika, wurdt dizze mei help fan geurstoffen as hydroksysitronellal gearstald.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It maaieblomke is de nasjonale blom fan Finlân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Hüsstege G. (1976). Zakflora voor bos en heide. Helmond/Antwerpen: Uitgeverij Helmond/Standaard Uitgeverij.

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei: