MIRO
Appearance
MIRO BV wie in lytshannelsbedriuw fan it type "hypermerk" fan Ahold, wêrfan't de earste yn 1971 yn Flissingen iepene waard. Yn Ljouwert bestie ien sûnt maart 1972.
MIRO wie in ûnderdiel fan Ahold NV út Saanstêd, mei sân festigings yn Nederlân (1974). Yn Ljouwert wurken sa'n 175 personielsleden, dêrfan wiene 80 yn fêste tsjinst. Ferkeap fan ± 20.000 ferskillende artikels, "food en non-food". It hie in eigen parkearterrein mei 600 parkearplakken. Ahold brûkte de Miro-festigingen geregeldwei as proeftún. Bygelyks de streekjeskoade waard der it earst yntrodusearre.
Yn 1985/1986 waard de MIRO-formule opheft en waarden de winkels omboud ta oare konsepten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|